Under de Toer is ôfsletten: "Der siet gefoel yn, it kaam echt út de minsken sels"

15 feb 2019 - 07:02

Sa'n 6.000 minsken hawwe meiwurke oan Under de Toer. Ien fan de grutste kulturele haadstêdprojekten is tongersdei ôfsletten yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Twa grutte fans -de bruorren Evert en Theo Engberda- krigen in spesjaal boek oer de foarstellingen oerlange. Se ha nei alle foarstellingen yn de hiele provinsje ta west.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by de ôfsluting fan Under de Toer

Marijke Muoi yn Ljouwert, Het heilige hert van Cambuur yn Goutum en de Bakzeuntjes yn Arum. It is in lytse greep út alle foarstellingen dêr't de mannen west ha. Nei it sjen fan de alderearste foarstelling De Frijtinker yn Drylts, besleaten se om harren hielendal te rjochtsjen op Under de Toer. "It wie autentyk en moai", fynt Evert. "Der siet gefoel yn, it kaam echt út de minsken", follet Theo oan. Bytiden hiene se trije ferskate foarstellingen yn ien wykein.

Gjin ferfolch

Yn it earste plak bestie Under de Toer út 32 foarstellingen, mar Minnertsgea is út it projekt stapt. It doarp en de organisaasje koene it net iens wurde oer de oanpak. Ien fan de lûkers fan it projekt wie Tamara Schoppert. Se lit witte dat Under de Toer net in soartgelyk ferfolch kriget. "We sjogge ússels as 'oanjagers'. Ik hear al fan ferskate projekten dat se takom jier wer wat dwaan wolle. Se witte no wêr't se stipe freegje kinne en wat alles kostet. Ik tink dat hjir al in erfenis fan himsels yn sit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)