Frou stekt buorman mei in mes

15 feb 2019 - 06:24

In 68-jierrige frou út Stiens is tongersdei oanhâlden, nei't se har 36-jierrige buorman mei in mes stutsen hie.

Foto: ANP XTRA

De plysje hie earder op de dei bemiddele by in rûzje tusken de beide buorlju, mar krige koart dêrnei in melding dat der wer rûzje wie.

De buorman rekke licht ferwûne doe't de frou besocht him te stekken. De frou sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Stiens mes rûzje
(Advertinsje)
(Advertinsje)