Ryksuniversiteit Grins iepenet dependânse yn Drachten

De Ryksuniversiteit Grins (RUG) iepenet in dependânse op it Philipsterrein yn Drachten. Yn it kolleezjejier 2019-2020 begjint de masteroplieding wurktúchboukunde.
It Philipsterrein yn Drachten © Google Street View
Professor Jacquelien Scherpen fan de RUG
In monumintaal bedriuwsgebou op it terrein wurdt ferboud ta stúdzjefasiliteit. De RUG wurket gear mei it Ynnovaasjekluster Drachten, wêryn't 18 hightech-bedriuwen yn Fryslân, Grinslân en Drinte gearwurkje. Ien fan dy bedriuwen is Philips. De RUG wol op dizze wize syn posysje as technyske universiteit fersterkje. Neffens professor Scherpen fan de RUG is de komst fan de oplieding in logysk gefolch fan de gearwurking.
Under de studinten yn Grins is in soad belangstelling foar de masteroplieding, seit Scherpen. Yn earste ynstânsje sille der sa'n tweintich studinten nei Drachten komme. Scherpen: "En ik denk dat dat uitgebouwd gaat worden."
Freedtemiddei sil in oerienkomst tekene wurde. "Door academische studenten naar Drachten te halen, komen zij gemakkelijker in aanraking met onze hightech MKB-bedrijven. Dat faciliteren wij graag met ons hightech shared facility-gebouw van Philips. Zo ervaren de studenten dat je voor een interessante en uitdagende technische carrière gewoon in Noord-Nederland kunt blijven", seit Binne Visser, foarsitter fan it Ynnovaasjekluster.

'Universiteitsstad'

Wethâlder Robert Bakker fan de gemeente Smellingerlân is tige bliid dat dizze oplieding yn de gemeente komt. Smellingerlân wie al jierren dwaande opliedingen nei Drachten te krijen. "Zo bieden wij niet alleen onze eigen inwoners maar de hele regio een scala aan mbo-opleidingen. Met de komst van de technische mastertrack (werktuigbouwkunde) van de Rijksuniversiteit Groningen zijn we een klein beetje universiteitsstad."
Wethâlder Robert Bakker fan Smellingerlân