Aris nei goede earste helte dochs ûnderút yn Den Bosch

Aris Ljouwert hat tongersdeitejûn yn Den Bosch mei 79-59 ferlern fan New Heroes. By it skoft wie it noch 28-30 foar de Ljouwerter basketballers.
Craig Osaikhwuwuomwan (argyf) © www.orange-pictures.nl
De ploech fan coach Tony Van den Bosch begûn rommelich oan it duel mei de nûmer trije fan de Dutch Basketball League. Nei it earste kwart stie der dan ek in foarsprong foar de thúsploech op it boerd: 17-12. De Ljouwerters wiene yn it twadde kwart skerper en gongen dêrtroch sels mei in 30-28 foarsprong it skoft yn.

Nei it skoft

Nei it skoft wie it lykwols dien mei it goede spul fan de Ljouwerters. Troch in poerbêst tredde kwart fan de Noard-Brabanners (31-12) hie Aris alwer in efterstân fan santjin punten. Yn it lêste kwart wie dy efterstân net mear te oerbrêgjen foar Aris. De New Heroes rûnen sels noch in pear punten fierder út, nei úteinlik 79-59.

Griffin topskoarer

By Aris wie Griffin Kinney de grutte man. De Amerikaan makke mar leafst 25 punten foar de Ljouwerters en pakte acht rebounds. Ek Craig Osaikhwuwuomwan wie mei tolve rebounds in belangrike factor by Aris.
Troch de nederlaach stiet Aris noch hieltyd op it sânde plak yn de kompetysje. De Ljouwerters hawwe fjirtjin punten út 24 wedstriden. Twa mear as Feyenoord Rotterdam en Apollo Amsterdam dy't respektyflik op it achtste en njoggende plak stean. De earste acht pleatsen jouwe rjocht op in plak yn de play-offs om it lânskampioenskip.