Nij ûndersyk: Oanspielde seekoeten binne ferhongere, oarsaak noch ûnbekend

De deade skoeten ('zeekoeten') dy't massaal oanspield binne oan de kust binne ferhongere. It giet benammen om jonge fûgels. Dat binne de earste konklúzjes út it ûndersyk troch ûnder oare Mardik Leopold fan de Wageningen Universiteit. Doe dêrfan is de grutte stjerte te ferklearjen. Komt it troch de kontenerramp of is der dochs in oare oarsaak?
© NOS
Yn in laboratoarium yn Utrecht wurde sûnt tongersdei 124 deade skoeten ('zeekoeten') ûndersocht. It binne allinnich skoeten dy't dea oanspield binne en de massale stjerte is allinnich mar yn Nederlân. Mooglik spylje de oerboard sleine konteners fan de MSC Zoe in rol. Yn twa konteners sieten gefaarlike stoffen, sa't oant no ta bekend is. It giet dan om perokside en litium-batterijen.
De nieren en de oare de yngewanten binne min, fertelt ûndersiker Mardik Leopold. De fûgels hawwe gjin fet en spieren mear. Wat de reden is dat se gjin iten fine koene en gjin iten fertarre koene, is de grutte fraach.
De ûndersikers hawwe allerhanne meunsters út de fûgels naam. Fan de fearren oant stikjes lever, mage of de terms. As de kontenerramp de oarsaak is, soene der bygelyks stikjes plestik yn de yngewanten sitte moatte.
De ûndersikers hawwe no inkeld mar tiid om de mage en de terms derút te heljen. Se moatte yn koarte tiid in soad fûgels ôfwurkje. De kommende wiken meitsje se al dy magen en terms iepen om te sjen wat deryn sit.
Ut dit ûndersyk docht ek bliken dat der swarte rommel yn de fûgels sit. Dat sei Gaatske Wiersma fan fûgelopfang De Fûgelpits yn Moddergat earder ek al. Swart guod yn de yngewanten is in teken fan ekstreme ferhongering. As alle fet en alle spieren opbrûkt binne, begjinne de fûgels de organen 'op te iten'. Dan wurdt de lever oantaast en komme leverôffalprodukten yn de mage en de terms telâne.
Foar dit ûndersyk binne 124 skoeten útsocht, ferdield oer de hiele kust. Dêrmei wolle de ûndersikers sjen oft de skoeten dy't op It Amelân en Skiermûntseach (dus sis mar rjocht ûnder de konteners), oantroffen binne itselde byld jouwe as bisten dy't by Hoek van Holland oanspiele, fierder fan dy kontenerramp ôf.
Op 15 maart moat it minstearje fan Lânbou in einrapport krije fan dit ûndersyk.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op ús dossierside.