Jan Rijpstra foardroegen as nije boargemaster fan Smellingerlân

Jan Rijpstra (63) út Noordwijk is foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente Smellingerlân. Jan Rijpstra in omkesizzer fan âld-kommissaris fan de Keningin yn Fryslân Hedzer Rijpstra. Hy hat ek boargemaster yn it Drintske Tynaarlo west.
© ANP
Jan Rijpstra (dy't yn Australië sit) praat mei ferslachjouwer Willem de Vries
Yn totaal tolve minsken hiene sollisitearre op de fakatuere foar boargemaster fan Smellingerlân. Njoggen fan harren wiene manlju en trije froulju. De kandidaten kamen benammen fan de grutte politike partijen, mar der wiene ek guon mei hielendal gjin politike bining. Mar ien fan de kandidaten wie jonger as 50 jier.
De funksje fan boargemaster yn gemeente Smellingerlân kaam oardel jier lyn frij doe't boargemaster Tjeerd van Bekkum oankundige dat er fuorgean soe. Hy gie oan de slach as direkteur fan de stichting Kulturele Haadstêd.
Tom van Mourik folge Van Bekkum tydlik op as waarnimmend boargemaster en bliuwt oant begjin maart oan it roer.