Kolleezje De Fryske Marren klapt om sânwinning

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn De Fryske Marren is fallen. Oanlieding is it beslút oer sânwinning yn de Iselmar. Dêr wie de FNP op tsjin, wylst de oare twa koälysjepartijen, CDA en VVD, foar de sânwinning binne. De VVD hie al oankundige net fierder te wollen mei de FNP as dy tsjin de sânwinning stimme soe.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It CDA oan it wurd
De fraksjefoarsitters fan de trije koälysjepartijen hawwe tongersdei oerlis hân. Dat binne Jan van Zanden (CDA), Jan Volbeda (FNP) en Olaf Storms (VVD). By dat oerlis binne se der dus net útkaam. De fraksjes wurde ynljochte.
De VVD oan it wurd
De FNP oan it wurd
Der wie in wûnder nedich om it kolleezje oerein te hâlden. Ferline wike waard al dúdlik dat de koälysje yn swier waar siet, nei't de FNP in omswaai makke op it punt fan de sânwinning.
CDA en VVD wolle oer net al te lange tiid in ferkenner oanstelle dy't mei foarstellen komt om gau wer oan de takomst te wurkjen.