Geitehâlder oer geitestop: "It liket op panykfuotbal"

14 feb 2019 - 18:12

It nijs fan de geitestop komt foar geitehâlder Douwe Klijnstra fan Sint-Nyk hiel ûnferwachts. "It liket op panykfuotbal." Hy hat krekt in oanfraach yntsjinne foar in lytse útwreiding thús en ien foar in nije stâl dêrnjonken.

Tongersdei waard bekend dat de provinsje fuortendaliks in ferbod op de útwreiding en de festiging fan geitehâlderijen ynfiert. Reden is de folkssûnens. De stop bart op advys fan de GGD. Fryslân is de njoggende provinsje dy't sa'n 'geitestop' ynfiert. Der soene mooglik mear longûnstekkingen foarkomme yn in straal fan 2 km om de geitehâlderijen hinne.

Yn in hiel soad provinsjes meie geitehâlders net mear útwreidzje, dus it siet wie te ferwachtsjen dat Fryslân ek ris in kear oan bar komme soe. Oanfragen fan geitehâlders dy't nei tongersdeitemoarn 9 oere yntsjinne binne by de provinsje, wurde net mear yn behanneling naam. Tongersdei waard wol dúdlik sein dat fergunningen dy't al oanfrege binne en dy't binne de reguliere bepalingen falle, gjin gefaar rinne.

Klijnstra hat syn oanfraach moandeitemiddei yntsjinne, mar dochs is er der net gerêst op. "Wy witte net hoefier't ús proseduere is." Fanwege de ûnwisse situaasje hat Klijnstra der fia in bedriuw in advokaat op set.

De maatregel fan it ferbod, dat fuortendaliks yngiet, is miskien wat oerdreaun, seit Klijnstra. It is noch ûndúdlik wat de útkomsten fan it RIVM-ûndersyk binne.

De provinsje wol dat bedriuwen út oare regio's net mear útwreidzje yn Fryslân. Ferline jier binne der njoggentjin bedriuwen bykaam, fan 44 nei 63. Dat argumint klinkt goed, seit Klijnstra, mar hy ken gjin geitehâlders yn syn omjouwing dy't derby kommen binne.

Klijnstra set fraachtekens by it tal. "Safolle binne der net. Wy witte se net. Wy skatte sa tusken de tweintich en tritich. Echt grutte bedriuwen tinke wy dat it tusken de tsien en fyftjin wol ophâldt."

De priis foar geitemolke sil hjirtroch yn alle gefallen stabilisearje, ferwachtet Klijnstra. "Oft er omheech giet, is noch ôfwachtsjen."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer by geitehâlder Douwe Klijnstra

(advertinsje)