UPDATE: Gjin sprake fan gizeling yn hotel, betize man oerdroegen oan soarch

14 feb 2019 - 17:07

Der is gjin sprake fan in gizeling yn in hotel yn Dolsterhuzen. Dat meldt de plysje nei ûndersyk. Ien betize persoan is oerdroegen oan soarchmeiwurkers. It giet om in 35-jierrige man dy't nei alle gedachten út Bosnië komt.

Hotel Dolsterhuzen

Neffens in tsjûge kaam ynienen in gast fan it hotel yn panyk de strjitte opdraven. De man hie it oer in rûzje, en dat der in oare gast mei in wapen yn it hotel oanwêzich wie. De tsjûge hat dêrnei 112 belle, wêrnei't de plysje fuort yn aksje kaam.

Net allinnich de plysje mei arrestaasjeteam waard oproppen, ek in ambulânse en in traumahelikopter wiene derby.

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren waard troch de plysje op de hichte brocht. De omjouwing fan it hotel waard ôfset. Sawol it publyk as de parse waard op inkele hûnderten meters ôfstân hâlden.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

Yn de buert fan it hotel - Foto: Omrop Fryslân

Op in stuit makke in arrestaasjeteam him klear om it hotel yn te fallen. It arrestaasjeteam trof yn it hotel in persoan oan dy't lei te sliepen. Dizze persoan hie neat mei de melding te krijen. De betize man hie de melding dien, sa die letter bliken. Hy is oerdroegen oan de soarch.

Foto: Omrop Fryslân
Foto: Google Street View
Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(Advertinsje)
(Advertinsje)