FIDEO: Hessel krijt spesjale Omroptrui dy't er sels ûntwurpen hat

Alle dagen komme der steapels post binnen op de redaksje fan Omrop Fryslân, mar in pear wiken lyn siet dêr in brief by dy't wol hiel bot opfoel. De brief fan Hessel Osinga. Hessel is 11 jier en wennet yn Frjentsjer. Hy hie spesjaal foar Omrop Fryslân in trui ûntwurpen, mei dêrby it foarstel om wat mear Omrop Fryslân klean te meitsjen. En dat litte wy ús gjin twa kear sizze!
Hessel krijt spesjale Omrop trui
De kolleksje dy't Hessel yn 'e holle hie, hat Omrop Fryslân net. Dêrom hat Omrop Fryslân spesjaal foar Hessel in trui meitsje litten. Nei ûntwerp fan Hessel fansels! Oan ferslachjouwer Bauke Deelstra tongersdei de eare om de trui oan Hessel te oerlangjen.