Waadhoeke hâldt groepsynterviews mei belutsenen oer húsfesting arbeidsmigranten
De gemeente Waadhoeke hâldt yn maart fiif groepsynterviews mei belutsenen oer húsfesting fan arbeidsmigranten. Dêrmei hopet de gemeente alle belangen en soargen yn kaart te bringen.
As earste sil de gemeente om tafel mei de arbeidsmigranten sels. Letter ek mei wurkjouwers, dejingen dy't de minsken ûnderbringe, oare oerheden en as lêste mei de ynwenners fan de doarpen.
Fierders wurdt der in ûndersyksburo ynhierd. Dat moat yn byld bringe hoefolle arbeidsmigranten oft der binne, út hokker lannen se komme en wêr't se wenje en wurkje.
Yn de gemeente is in wurkgroep yn it libben roppen oer de húsfesting fan arbeidsmigranten. De wurkgroep wol mids maaie mei in advys komme.