HEA! Fyn dyn nije leafde yn Surhústerfean
Yn Surhústerfean wurde frijgesellen holpen in nije leafde te finen. In promoasjeteam fan de winkelferiening dielt reade ballonnen út oan singles. Leeftiid makket net út. Wa't in leuke single sjocht kin dizze freegje mei nei in 'love-bus' te gean foar in speeddate. En wa wit klikt it dan.