Speeddate foar in baan en net foar de leafde

14 feb 2019 - 15:26

Soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum is op 14 febrewaris, Falentynsdei, op syk nei minsken mei leafde foar it fak. It is in toer om genôch goed personiel te krijen foar de soarch. Dêrom hâlde se in speeddate, om minsken waarm te meitsjen foar in baan yn de âldereinsoarch.

Bysûnder oan de speeddate is dat de sollisitanten net mei meiwurkers fan personielssaken prate, mar mei meiwurkers fan it soarchsintrum sels. Goed santich minsken hawwe dat dien. Leppehiem hat njoggen banen beskikber en se binne boppedat op syk nei ferfangers en frijwilligers.

(advertinsje)