Aksje om sloop fan âld koetshûs op It Hearrenfean foar te kommen

14 feb 2019 - 14:44

It âlde koetshûs fan filla Woudoord op It Hearrenfean driget sloopt te wurden. De eigener wol it gebou út 1908 ferfange troch in parkearplak. Ferskate organisaasjes komme no yn aksje om dat foar te kommen.

Foto: Erfgoedvereniging Bond Heemschut

Erfgoedferiening Bond Heemschut, it Cuypersgenootschap en de wurkgroep Oud-Heerenveen hawwe mei har allen beswier oantekene by de gemeente Hearrenfean. Dat it gebou mooglik sloopt wurdt, is neffens de organisaasjes tige skande.

"Het slopen van het koetshuis zou dit monumentale complex verminken en dat is heel jammer", seit foarsitter Paula Voorthuijsen fan de Fryske Commissie van Heemschut. "De villa Woudoord en het koetshuis zijn in 1908 als een geheel ontworpen door de beroemde architect K.P.C. De Bazel."

It koetshûs yn 1961 - Foto: Kees Klarenbeek

Neffens de eigener fan Woudoord is de steat fan it koetshûs hiel min en moat it dêrom ôfbrutsen wurde. Dat bestride de erfgoedorganisaasjes. Sy sizze dat de technyske steat prima is, mar dat der allegearre efterstallich ûnderhâld troch de eigener is.

Eigener Antea Group is noch mei de gemeente yn oerlis oer it gebou en wol oant dan net reagearje.

Christian Pfeiffer fan it Bond Heemschut

(advertinsje)
(advertinsje)