Cambuur freed nei Roda JC: Conraad ferfangt Robertha

SC Cambuur spilet freed de lestige útwedstriid yn Limboarch tsjin Roda JC. De Ljouwerters kinne yn fergelyk mei ferline wike gjin berop dwaan op Nigel Robertha. De spits is blessearre oan de knibbel. Syn ferfanger yn de basis wurdt Tyrone Conraad.
Trainer René Hake
Fierder feroaret trainer René Hake neat oan de basisopstelling. Kevin van Kippersluis, Issa Kallon, Robert van Koesveld en Jordy van Deelen binne ek noch hieltyd blessearre.

Goed gefoel

Cambuur hat nei it lykspul tsjin NEC ferline wike it goede gefoel wer wat te pakken. Roda JC stiet fjouwer punten foar op Cambuur. It stiet yn de kompetysje allegearre tichteby-inoar. Hake: "Het is een wekelijkse tombola. Wij moeten weer toe naar een goede serie, dan pak je plekken op de ranglijst. Maar het is allemaal heel onvoorspelbaar."

Roda JC ek wikselfallich

Dy wikselfallichheid jildt ek foar Roda JC. Nei in goede searje hawwe de Limboargers de lêste twa kompetysjewedstriden ferlern. Ferline wike wie Jong Ajax mei 5-1 te sterk foar Roda JC.
Trainer René Hake oer dat ferlies fan Roda: "Dat zal bij hen hard aangekomen zijn. Aan de andere kant kan dat voor de wedstrijd tegen ons voor extra motivatie zorgen. We hebben gezien waar bij Roda JC voor ons de ruimtes liggen. Maar alles draait om de uitvoering."
Sam Hendriks