Sânwinningsbedriuw stapt mooglik nei Ried fan Steat

14 feb 2019 - 13:50

Sânwiningsbedriuw Royal Smals stapt mooglik nei de Ried fan Steat, no't in mearderheid fan de gemeenteried fan De Fryske Marren tsjin sânwinning yn de Iselmar stimd hat. Neffens in wurdfierder is dat beslút basearre op de miening fan 'de bangen en de bozen' en hat hy noch gjin inkeld deugdlik bewiis hjirfoar ûntdekke kinnen.

It sanwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen giet - Foto: Byld: promofilm Royal Smals

"We hebben tot nu toe miljoenen in het project geïnvesteerd aan proefboringen, golsslagmetingen en andere onderzoeken. Alles met medeweten van de gemeente, die ons immer heeft voorgehouden dat alles goed zou komen", sa seit wurdfierder Allers.

"Gemeente tekoartsketten"

Boppedat is de gemeente eins al tekoartsketten, om't de ried yn novimber al in beslút nimme moatten hie. "We hebben de gemeente die extra tijd gegund om eventuele onduidelijkheden weg te kunnen nemen. En dat komen nu plotseling allemaal bezwaren uit de hoge hoed. We willen dat niet zomaar accepteren."

Neffens direkteur Resie Reijnders fan Royal Smals is de gemeenteried ûnder druk kommen te stean troch negative ferhalen yn de parse en op sosjale media oer de sânwinningsplannen yn de Iselmar.

Nettsjinsteande dat it sânwinningsbedriuw yntusken miljoen ynvestearre hat, hat Royal Smals noch gjin yntinsje om in claim yn te tsjinjen. "Wij zijn veel meer gebaat bij toestemming om met de voorbereidende werkzaamheden door te kunnen gaan. We gaan niet liggen voordat we geslagen zijn", sa seit Allers.

Krisisoerlis

Tongersdeitemiddei hâlde de fraksjefoarsitters fan de kolleezjepartijen yn gemeente De Fryske Marren in krisisoerlis oer it fuortbestean fan de koälysje, no't de FNP definityf tsjin de sânwinning stimd hat.

(advertinsje)