Steatsboskbehear ferfangt fuorthelle bosk mei nije beammen

Steatsboskbehear leit by Terwispel in nij bosk fan trij bunder oan. Dat bosk ferfangt in bosk mei esken, dy't de ôfrûne jierren fuorthelle binne. De esken wiene siik.
© Omrop Fryslân
Yn de nije bosk komme mear ferskate soarten beammen. Dan binne de beammen minder kwetsber en is de kâns op sykte lytser. De kar fan it soarte beam hinget ôf fan de stân fan it grûnwetter en grûnsoarte.
De kommende moannen en jierren leit Steatsboskbehear mear lytse bosken oan. Allinnich al yn it súdeasten fan Fryslân is sa'n 160 bunder oan oantaaste eskebosk fuorthelle. Dat wie op plakken dêr't it foar gefaarlike situaasjes soargje koe, lykas gefaar foar omwenners en op fytspaden en diken. De kâns dat de esken omwaaie is grutter as se de esketaksykte hawwe.