Fuortendaliks stop op útwreiding geitehâlderijen yn Fryslân

14 feb 2019 - 11:31

Der komt fuortendaliks in ferbod op it útwreidzjen en de fêstiging fan geitehâlderijen, in saneamde 'geitestop'. De provinsje nimt de maatregel yn ferbân mei de folkssûnens, op advys fan de GGD. Fryslân is de njoggende provinsje dy't sa'n 'geitestop' ynfiert. Wannear't it ferbod der wer ôf giet, is noch net dúdlik.

It giet om in tydlike stop fan in healjier, dy't tongersdeitemoarn om 09.00 oere yngien is. De oanfragen foar útwreiding fan foar dy tiid wurde noch meinommen. De ferwachting is dat it oer in healjier omset wurdt ta in definitive stop. De stop betsjut ek dat de GGD Fryslân it advys jout om yn in straal fan twa kilometer om in geitehâlderij hinne, gjin nije huzen mear te bouwen. Uteinlik is dát oan de gemeenten om te bepalen.

"It advys fan de GGD joech úteinlik de trochslach", seit deputearre Johannes Kramer oer de geitestop. De sûnensorganisaasje hie warskôge foar de gefaren fan geitebedriuwen.

De Steaten hawwe ôfrûne moandei yn it geheim it beslút nommen, op it advys fan de GGD. It beslút wie net unanym; der wiene twa stimmen tsjin. Ien fan de oanliedingen foar de tydlike stop is in rapport fan it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu. Dêryn waard konkludearre dat omwenners fan geitehâlderijen folle faker lêst hawwe fan longûntstekkingen.

It tal geitehâlderijen yn Fryslân is de ôfrûne jierren rap útwreide fan 44 bedriuwen yn 2017 nei 63 yn 2018. De provinsje tinkt dat it komt troch it ferbod yn de oare provinsjes. Om dy rappe útwreiding yn 'e hân te hâlden, komt der no dus in tydlike stop.

Foto: ANP

Der wurdt noch útsocht wêrom't it wenjen yn de buert fan in geitehâlderij krekt de kâns op dizze sykte ferheget. Dat ûndersyk wurdt yn it nijjier ferwachte. It RIVM slút wol út dat it komt troch de Q-koarts-baktearje. Yn Fryslân waarden ferline jier 23.526 geiten teld. It tal geitebedriuwen is neffens Kramer dêrnjonken ek bot tanaam: "Wy binne der achter kaam dat wy yn Fryslân yn 2018 fan 44 nei 63 geitebedriuwen groeit binne."

Benaud foar geite-ynvaazje

Yn Provinsjale Steaten is earder troch de Partij voor de Dieren oproppen ta dit ferbod. De partij wie benaud foar in geite-ynvaazje. Deputearre Johannes Kramer antwurde doe dat in ferbod him 'fierstente rûch' like. Hy sei doe dat 'it al giet om famyljebedriuwen en dat je earst prate moatte mei de boeren'. De driging fan in 'geite-ynvaazje' seach hy doe net. De VVD en it CDA yn de Steaten fûnen fiergeande maatregels net needsaaklik, om't de sektor hjir yn Fryslân mar frij lyts is.

(advertinsje)
(advertinsje)