De sniewinter fan 1979: Mei de hiele buert yn it spier om de snie fuort te krijen

14 feb 2019 - 11:08

Snie oant it dakrút ta, blokkearre sneldiken en gjin fretten foar de bisten. It is dizze tongersdei op de kop ôf 40 jier lyn dat de ferneamde sniewinter plakfûn. Yn koarte tiid wie it iepenbiere libben yn Fryslân folslein fersteurd en tal fan doarpen en stêden wiene dagenlang fan de bûtenwrâld ôfsluten. In winter om nea te ferjitten. Omrop Fryslân sammele de moaiste ferhalen fan harkers en sjoggers. Dizze ferhalen wurde de hiele dei pleatst. Dus pak in waarm kop drinken en tink werom oan dy bysûndere tiid.

Wylst de bern yn de snie boartsje op sliden, binne de folwoeksenen yn Drachten mei de folsleine buert drok dwaande om de grutte bergen snie fuort te krijen. De fideo komt fan de famylje Ruiter.

In barre tocht foar de leafde

Foto: Omrop Fryslân, Henry Drost

De problemen wiene grut yn de sniewinter, mar der binne ek moaie en leafdefolle ferhalen út dy tiid. Ferhalen dy't op in dei lykas tongersdei, Falentynsdei, eins noch krekt in bytsje moaier binne.

Jaap van der Wal ûndernaam in kuiertocht fan fjouwer oant seis oeren om syn freondinne te sjen. Hege bulten snie en barre temperatueren hâlden him net tsjin om fan Arum nei Seisbierrum te rinnen. "Ja dat weet ik nog. Ik was zwaar verliefd maar ik was in Arum, mijn meisje in Sexbierum en er was geen mobiel."

Iennige opsje wie rinne! Seis oeren lang! 

Jaap van der Wal

Dan bliuwt der mar ien opsje oer en dat wie rinne. "Weet niet hoe lang ik er precies over gedaan heb maar kwam als een sneeuwman in Sexbierum aan! Met ijspegels aan de snor!" De tocht slagge dus en 40 jier letter binne sy noch hieltyd by-inoar.

Problemen op de dyk

Foto: Omrop Fryslân, Henry Drost
Trefwurden: 
1979 sniewinter
(advertinsje)
(advertinsje)