Liander wol mear monteurs opliede mei praktykfjild
Netwurkbehearder Liander is no inkelde wiken dwaande mei it praktykfjild by it haadgebou yn Ljouwert. Learling-monteurs krije hjir les hoe om te gean mei elektryske ynstallaasjes. Dy binne op it terrein fan Liander neiboud. Liander kin sa mear monteurs opliede.
Liander wol mear monteurs opliede mei praktykfjild
Oars rinne dy ien op ien mei in monteur mei. No kin ien betûfte monteur yn ien kear in hiele groep opliede. Liander hat fanwegen de enerzjytransysje bot ferlet fan monteurs.
Trije fjilden
It praktykfjild yn Ljouwert is it earste fan de trije dat yn Nederlân komme moat. De oare fjilden komme yn Haarlem en Duiven.