Ek Fryslân makket him op foar grutte klimaatmars yn Amsterdam

14 feb 2019 - 08:41

Ek Fryslân makket him klear foar de grutte klimaatmars op snein 10 maart yn Amsterdam. Op inisjatyf fan de groep Freonen fan fossylfrij Fryslân sille yn gearwurking mei aksjegroepen út Grinslân bussen ynset wurde om alle demonstranten út it noarden nei Amsterdam te bringen. Dit waard woansdei bekend makke by de wyklikse talkshow IepenUP live, dy't dizze kear hielendal yn it teken stie fan miljeufersmoarging, en de Plastic Soup yn it bysûnder.

Foto: Omrop Fryslân

Wurdfierder Bouwe de Boer fan de Fryske aksjefierders sei minimaal sa'n trije bussen te ferwachtsjen, dy't nei Amsterdam ôfreizgje sille. Nije wike woansdei sil mear bekend makke wurde. Wis is neffens De Boer dat de bussen yn alle gefallen op miljeufreonlike blauwe disel ride sille.

Maatregels fan it Ryk binne yn alle gefallen absolút needsaaklik om miljeurampen, lykas yn jannewaris mei de MSC Zoe op de Noardsee bard is, sa folle mooglik foar te kommen. Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach wol mei har kollega's fan de Waadeilannen dêrmei net te lang mear wachtsje. Net allinne sil yn maart in debat yn de Twadde Keamer oer dizze saak fierd wurde. Boppedat is ôftwongen dat foar dy tiid noch in 'ronde tafelgesprek' mei de ministers en ferantwurdlike Keamerleden holden wurde sil.

Chip op konteners

Boargemaster Van Gent wie dúdlik oer de easken dy't dan op tafel lein wurde sille. De konteners moatte foarsjoen wurde fan in chip, sadat as se oer board slaan, se fia gps-tracking fuortendaliks opspoard wurde kinne. Dêrnjonken sil der in protokol komme moatte, wêrtroch't tenei gelyk lanlik yngrepen wurde kin as der dit soarte rampen barre.

"Het strand is opgeruimd, maar nog lang niet schoon", sa warskôge Van Gent. "De kleine plastic balletjes, de zogenaamde granules, zijn nog volop aanwezig onder het zand en in het water en kunnen nog steeds leiden tot een ecologische ramp."

Nije wike: 'Goed Nijs'

Nije wike stiet IepenUP live hielendal yn it teken fan 'Goed Nijs' yn de media. Omropbaas Jan Slagter fan MAX giet dan ûnder oaren yn diskusje mei Rennie Rijpma fan de haadredaksje fan it Algemeen Dagblad oer de seleksjekriteria dy't redaksjes hantearje by it beoardieljen fan nijsberjochten. Wêrom lykje negative en sensaasjeberjochten yn de ferskate media folle mear omtinken te krijen as posityf nijs?

Sjoernalisten Karin Sitalsing en Franka Hummels fûnen dat dit oars kin en skreaune tegearre it boek 'En dan nu het goede nieuws', dat de direkte oanlieding is foar dizze spesjale edysje fan IepenUP live. By harren leit net de fokus op fleantúchûngelokken, boskbrannen en miljeurampen. Yn tolve ferhalen gean sy just op syk nei "lytse en grutte aksjes dy't like goed in plak fertsjinje yn it sjoernaal fan acht oere".

IepenUP live wurdt alle woansdeitejûnen tusken 20.00 en 21.30 oere live útstjoerd út Muzyksintrum Neushoorn yn Ljouwert en kin op ynternet besjoen wurde fia de webside fan Omrop Fryslân, Facebook en YouTube. De tagong yn de seal is fergees.

Trefwurden: 
klimaat IepenUP fersmoarging
(advertinsje)