Kollum: "Winkelstrjitteromantyk"

"En wer ferdwynt in bepalende winkel út it strjitbyld, sa wie de wat dweperige ynlieding fan it berjocht yn it NOS sjoernaal oer Intertoys dizze wike. Utstel fan betelling wie oanfrege, it foarportaal fan in fallisemint. Romantyk is in moai sentimint yn nijsberjochten. De NOS socht it dramatyske yn dit ferhaal.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Dus krigen we de nostalgyske romantyk oar de ald-Nederlânske winkelstrjitten, en sa kaam it winkeljende publyk yn byld. Dat waard oansprutsen op it online keapjen. Ja, tsja. Mear kaam dêr ek net út. Dan de CEO yn byld, Roland Armbruster. Ja, sei hy, minsken keapje faker online, en hy helle ek noch even út nei Action, Lidl en Aldi, dy't, neffens him, "heel opportunistisch" allinnich mei Sinteklaas en de krystdagen efkes boartersguod ferkeapje. Ik moast in bytsje laitsje doe't ik it wurd opportunistysk út syn mûle hearde.
Want wat wie der ek alwer oan 'e hân mei dat Intertoys. Ik moast it googleje om it wer presys foar eagen te krijen, mar ik hie it goed ûnthâlden. Jierrenlang wie Intertoys ûnderdiel fan Blokker, lykas dy oare boartersguodketens Bart Smit en Toys XL. Dy lêste twa merken soene ferdwine yn 2016 ûnder Blokker, om te feroarjen yn Intertoys. Dat is allegearre net hielendal slagge, foardat Blokker sels yn 2017 yn finansjeel swier waar telâne kaam. Ek wa mei online ferkeapjen. Intertoys waard doe troch Blokker ferkocht oan ynvestearringsmaatskippij Alteri.
Sjoch, ik bin gjin ekonoom, mar neffens my hawwe ynvestearringsmaatskippijen fan opportunisme in bedriuwsmodelletsje makke: harren hiele bestean draait om opportunisme. Alteri wurdt troch Bloomberg omskreaun as in firma dy't spesjalisearre is yn it ynvestearjen yn management-buyouts, buyins, reorganisaasjes En noch mar ris: ik bin gjin ekonoom, mar Intertoys no noch sjen as in byldbepalend middenstanderke yn rustike âld-Nederlânske winkelstrjitsjes, dat ûndergiet oan opportunisme fan priisfjochters, dat doocht net hielendal. Wat in frjemde kapitalisme-romantyk.
Well played, Alteri. Mar it publyk is net gek. Fertel my wêrom't immen in pear euro's mear útjaan moat oan in boartersguodautoke yn in winkel, as dy winkel yn hannen is fan in ynvestearringsmaatskippij. Opportunisme wurdt bestriden mei opportunisme, en it publyk hat altyd gelyk. Intertoys wol him no mear rjochtsje op online. Moai op 'e tiid, yn 2019. Is dat echt de wei, Intertoys? Jo kieze jo eigen konkurrinsje.
Sa'n trije jier lyn kocht ik foar it lêst boartersguod; in soarte fan lyts drumsteltsje foar myn neefke. Ik kocht it by in ûnôfhinklike buortersguodsaak, dy't him spesjalisearre hat yn duorsumens. Se hawwe bygelyks in protte guod fan hout. Dit drumsteltsje ek. It is sa snoad boud dat de beuker himsels der hielendal op stoarte kin, sa't beukers dat dogge. Se hjitte net foar neat BEUKERS, en datst it dêrnei wer útteare kinst, en it gewoan wer wurket.
Dat ding hat al dy trije jierren fan mishanneling oerlibbe. It wie djoer, mar sa't it no liket giet dit noch wol in pear jierren en neefkes en nichtsjes mei. Ik wit net hoelang't it gemiddelde Intertoys- of ynternetboartersguod mei giet. As it de winkel al hellet, en net foartiids ûnderweis al út seekonteners op it Waad oanspielt. Ik bedoel: ik fertel it mar efkes, dat der mear is as dat Intertoys. Ek online.
Foar ús simpele sielen soe it wol in goede saak wêze kinne dat der in ferplicht karmerk by winkelketens komt. "Pas op voor opportunisme: in investeerdersbezit!" Romantyk en middenstân - it is in muoisum houlik, sels op in Valentijnsdei as hjoed."