Learlingen Bornego Hearrenfean komme yn aksje foar it miljeu

14 feb 2019 - 07:28

Tongersdei sille 200 learlingen fan it Bornego Kolleezje op It Hearrenfean oan de slach mei in opromaksje foar it miljeu. De aksje is betocht troch Marije Ton en Kevin Karsten Schüler út VWO 5. Ek de lieding fan de skoalle fynt it in goed plan. Yn it skoft is it idee foarlein oan de oare learlingen. It is de bedoeling om rommel by de skoalle en yn de wyk op te romjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yntusken hawwe al in soad learlingen har oanmelden foar de aksje. Op dizze wize wolle de inisjatyfnimmers in bydrage leverje oan in better miljeu. Betinker Kevin seit: "Ik stoor me ook aan het plastic spul hier op het pad naar school. Hopelijk kunnen we dat met elkaar enigszins verhelpen".

(advertinsje)
(advertinsje)