Twadde ferwûne by stekpartij Veulenstrjitte Ljouwert

By de stekpartij woansdei yn Ljouwert, dêr't in frou swierferwûne by rekke, is ek in twadde persoan ferwûne rekke. Dit slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Neffens de plysje is dizze persoan net stutsen, mar op in oare wize ferwûne rekke.
© Kappers Media
De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan de stekpartij yn de wenning oan de Veulenstrjitte. De helptsjinsten rieden woansdeitemiddei manmachtich út nei't de melding binnen kaam wie. Yn de omjouwing fan it hûs is in fertochte oanhâlden.