Nederlânske fiskers poerrazend om Europeesk beslút ta ferbod pulsfiskjen
De Nederlânske fiskers binne poerrazend oer it Europeeske beslút om de pulsfiskerij te ferbieden. Neffens it Nederlânske fiskersbûn en kotterorganisaasjes EMK en VisNed hawwe ''leugens en emoties het vandaag gewonnen van de wetenschap". De finansjele skea yn de hiele sektor soe as gefolch fan it beslút oprinne oant 200 miljoen euro, sa tinke de organisaasjes.
Neffens har giet in ferbod ''alle verstand te boven" en wurdt de fiskerij troch it beslút mear as tsien jier werom yn 'e tiid smiten.
Oergongsregeling
Der komt wol in oergongsregeling foar de helte fan de Nederlânske kottersfloat. Dat giet om 42 skippen, dy't oant 1 july 2021 fiskje bliuwe meie mei de pulstechnyk. De oaren reitsje harren fergunning dit jier kwyt.