Puigdemont yn Grins: "Steatsgrinzen binne net hillich"

14 feb 2019 - 01:40

"Steatsgrinzen binne net hillich. As in nije generaasje grinzen feroarje wol, dan moat dat kinne." Dat wie de kearn fan it boadskip fan de Katalaanske presidint-yn-ballingskip Carles Puigdemont by syn optreden fan woansdeitejûn yn Grins. Puigdemont wie yn Grins foar in iepenbier ynterview en debat op útnûging fan professor Frysk Goffe Jensma en fan Arjen Dykstra fan it Studium Generale.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Puigdemont - Foto: Omrop Fryslân

Yn de grôtfolle seal sieten in soad studinten, mar ek Katalanen en Spanjerts-om-utens. Der wiene krityske fragen, mar de jûn ferrûn fierder kalm. De stelling fan Puigdemont dat in nije generaasje de mooglikheid hawwe moat om grinzen te feroarjen makke hiel wat los. Ek lang net alle studinten wiene it dêrmei iens. "It liket my net goed foar de stabiliteit", sei Bernlef-studint Daan van Soeren. Hy wie fierder wol ûnder de yndruk fan Puigdemont, dy't al by syn ynkomst in grut applaus fan de seal krige.

Katalaanske finzenen

Laura Prat Bertrams fan de aksjegroep Spanje.cat brûkte de gelegenheid om mei Carles Puigdemont yn petear te gean oer har petysje om de Katalaanske finzenen frij te krijen. Sy wol dy petysje meikoarten oanbiede oan de Nederlânske Twadde Keamer. Frou Bertrams fynt dat de Nederlânske polityk fierstente min docht om it Spaanske regear ûnder druk te setten.

Carles Puigdemont yn it Akademygebou fan de Ryksuniversiteit - Foto: Omrop Fryslân

Nei de gearkomste wie Puigdemont noch wol in oere dwaande om eksimplaren fan syn boek 'De Catalaanse crisis' te ûndertekenjen. Puigdemont hat de lêste wiken hûnderten boeken tekene yn it Spaansk, Katalaansk en Nederlânsk en meikoarten komt ek de Ingelske oersetting.

Bliid mei diskusje

Puigdemont wie bliid mei de diskusje yn Grins. Demokrasy draait om de útwikseling fan ideeën en arguminten yn alle frijheid. Yn Spanje kin dat net en dêrom wie er bliid no yn Grins te wêzen. "Ik wol libje yn in lân mei frijheid fan mieningsutering én mei frijheid om in referindum te hâlden. As dat in misdied is, is der gjin echte frijheid. It giet my net iens om it winnen, mar om it rjocht om yn alle frijheid te stimmen."

Harkje nei reaksjes op it optreden fan Puigdemont

Puigdemont hat dêrmei noch krekt itselde stânpunt as by it neffens Spanje yllegale referindum fan 1 oktober 2017, doe't de Spaanske plysje besocht foar te kommen dat Katalanen har stim útbrochten. "In nij referindum soe in moaie oplossing wêze", fynt ek de Ljouwerter Katalaan Guillem Belmar, "mar dan wol graach op basis fan in útûnderhannele oerienkomst tusken Kataloanië en Spanje."

Mar sa't it lân der yn Spanje no hinne leit, sit dat der foarearst echt net yn. Puigdemont hâldt sels ek rekken mei dy mooglikheid. "Ik hâld der rekken mei dat ik noch in skoft om utens wenje moat. Net omdat ik dat sa moai fyn, mar as dat nedich is om yn frijheid ús ferhaal te fertellen, dan doch ik dat."

Entûsjasjme yn de seal as Puigdemont der yn komt - Foto: Omrop Fryslân

De Katalaanske lieder lei út dat, as it oan him leit, in ûnôfhinklik Kataloanië 'in hiel oar lân' wurdt as it Spanje fan no. "Wy wolle gjin lyts Spanje wurde, mar in hiel oare steat, dy't folle demokratysker en griener is." De Katalaanske striid giet neffens him net allinnich Spanje, mar hiel Europa oan. "Wolle we in Europa dêr't politisy opsletten wurde foar harren opfettingen? De Katalaanske krisis is ek in Europeeske krisis."

Carles Puigdemont fûn it sels in moaie jûn

Trefwurden: 
Grins Puigdemont Kataloanië
(advertinsje)