Helte Nederlânske pulsfiskers mei noch 2,5 jier troch

De helte fan de Nederlânske pulsfiskers mei noch 2,5 jier troch mei de omstriden technyk. Dit hat de Europeeske Unie besletten. Wol is der yn prinsipe in totaalferbod nei 1 july 2021, mar dit kin ek wer ynlutsen wurde.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dizze útkomst fan de ûnderhannelingen oer in ferbod is foar Nederlân better as ferwachte: mar sa'n 42 skippen reitsje har fergunning noch dit jier kwyt. Foar dy fiskers sil it dreech wurde te konkurrearjen mei de fiskers dy't de fergunning al hâlde meie.
It beslút yn Brussel folget nei in wike fan spanning foar de fiskers. Yn it beslút is dus ek meinommen dat in totaalferbod weromdraaid wurde kin as út nij wittenskiplik ûndersyk bliken docht dat de metoade net skealik is foar de natuer.