Sander Arends útskeakele yn Rotterdam

Sander Arends en syn maat David Pel ha woansdeitejûn in tige spannende earste rûne op it World Tennis Tournament yn Rotterdam net oerlibbe. Tsjin Marcel Granollers en Nikola Mektic waard it 7-5 6-4.
Ynterfjoe Sander Arends
Arends en Pel wiene neat minder as harren tsjinstanners, dy't wol heger op de wrâldranglist stean. Yn de earste set kamen de Nederlanners sels in break foar, mar dy koene se net fêsthâlde. By in stân fan 5-5 rekken Arends en Pel derôf, doe't de skiedsrjochter in punt oan de tsjinstanner joech. Pel soe mei syn racket oer it net hongen ha, wat neffens himsels net sa wie.
Yn de twadde set hiene Mektic en Granollers oan ien break opnij genôch. Arends en Pel krigen noch wol kânsen om ek in break te meitsjen, mar trije breakpoints (0-40 op de opslach fan Mektic) giene allegearre ferlern.

Kwalifikaasjetoernoai wûn

Arends en Pel wiene it haadtoernoai yn Rotterdam binnen kaam troch ôfrûne wykein it kwalifikaasjetoernoai te winnen. Dat diene se troch te winnen fan Basilashvili/Ebden (6-2 6-7 10-3) en Krajicek/Sitak (7-6 6-3).

Noch mear Friezen yn Ahoy

Sander Arends is net de iennichste Fries dy't oanwêzich is op it toernoai yn Rotterdam. Lykas ferline jier is ek de 14-jierrige Joyce Sikma fan Feanwâlden de hiele wike yn it grutte Ahoy te finen. Sy mei by de grutste wedstriden mei de baan op as ballefamke.
Dêrmei is sy ien fan de 50 ballefamkes en jonkjes dy't nei spesjale seleksjedagen útkeazen is. En sa stiet se de hiele wike op deselde baan as wrâldferneamde tennissers lykas Kei Nishikori, Stefanos Tsitsipas, Jo-Wilfried Tsonga en Robin Haase. Joyce moat de spilers de ballen oanjaan, en somtiden ek in handoek.
Ynterfjoe Joyce Sikma
De Japanner Nishikori hat de measte yndruk makke op Joyce: "Hy stiet hiel heech op de wrâldranglist, mar is in hele aardige jonge. Dan seit er dankjewol as ik in handoek oanjou. Hiel leuk."