UPDATE: Oanriding mei trein yn Ljouwert blykt falsk alarm
Woansdeitejûn kaam it treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp mear as in oere stil te lizzen troch in ferûnderstelde oanriding. De masinist hearde in klap en tocht dat er in persoan oanriden hie. Mei man en macht waard der socht, mar der waard gjinien oantroffen.
De treinen ride wer tusken Ljouwert en Hurdegaryp.