LIVEBLOG: Politike spanning yn De Fryske Marren om sânwinning

13 feb 2019 - 19:59

Woansdeitejûn om 20.30 set de riedsgearkomste yn De Fryske Marren oer sânwinning útein. No't kolleezjepartij FNP sein hat tsijn te wêzen, is der gjin mearderheid mear foar de sânwinning. Wêr sit de spanning dan yn? Koälysjepartner VVD sei dat se de stekker út it kolleezje lûke as FNP tsjin stimt. Ferslachjouwer Andries Bakker docht live ferslach yn dit blog.

23:16
Riedsdebat sânwinning klear

Oant safier dizze blog oer de riedsgearkomste fan de gemeente De Fryske Marren. Sânwinning is fan de baan, it kolleezje fan B&W is der noch. Mar de fraach is hoe lang. Folgje de kommende dagen Omrop Fryslân oer dit ûnderwerp. Betanke foar it folgjen en graach oant in oare kear.

23:11
Tongersdei 17 oere krisisoerlis

De fraksjefoarsitters fan it CDA, VVD en FNP komme tongersdeitemiddei 17 oere by elkoar foar krisisoerlis. Net dúdlik is oft de stekker dan út it kolleezje lutsen wurdt. Mar de kâns dat VVD trochregearje wol mei de FNP liket nihil, no't fraksjefoarsitter Storms fan de VVD al sein hat de FNP net betrouber te finen.

22:42
Stimming folget: sânwinning fan de baan

Der wurdt no stimd. Der binne 30 riedsleden oanwêzich. 11 foar en 19 tsjin, sa as ferwachte. De sânwinning yn de Iselmar is fan de baan!

22:41
"Rol FNP beskamsum"

Fraksjefoarsitter Jan van Zanden seit dat hy de rol fan de FNP "beskamsum" fynt.

22:39
Allinne CDA twadde termyn

Fraksjefoarsitter Storms fan de VVD stelt foar om gjin twadde termyn te dwaan, mar gelyk te stimmen. Allinne it CDA wol noch fan in twadde termyn gebrûk meitsje. Maksimaal 3 minuten, seit in strange boargemaster Fred Veenstra.

22:25
Mearderheid tsjin sânwinning yn earste termyn

Sa't it no liket stimme CDA en VVD foar. Dat binne yn totaal tolve stimmen. De rest fan de partijen yn de gemeenteried sille tsjin sânwinning stimme. Dat binne 19 stimmen. Sânwinning yn de Iselmar sil dêrmei fan de baan wêze, mar wat betsjut dit foar it trochbestean fan de koälysje CDA, VVD en FNP? Dêroer sil de twadde termyn dúdlikens jaan moatte.

22:21
It is goed drok by de riedsgearkomste. Minsken sitte sels yn 'e hal.
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
22:21
Wethâlder Veltman: sfear fan net frij uterjen

No't de earste termyn dien is, kriget wethâlder Frans Veltman it wurd. Hy hat it oer in 'bysûnder proses'. Soarchfâldigens stiet foarop, seit Veltman. Elkenien moat him of har frij uterje kinne. Veltman fynt it spitich dat der in sfear ûntstien is dat minsken dat soms net kinne.

22:18
Ek Burgerpartij tsjin sânwinning

Riedslid Gerard ten Boom fan de Burgerpartij De Fryske Marren is ek tsjin de sânwinning yn de Iselmar. Hy slút him oan by de tsjinstanners yn de ried.

22:12
Christen Unie: miljeu foar sânwinning

Nei de NCPN komt no de Christen Unie oan it wurd. Dat kin allinne yn De Fryske Marren. De iennichste oare gemeente dêr't de NCPN fertsjintwurdige is yn de gemeenteried, is Heiloo. De Christen Unie ûntbrekt dêr. Fraksjefoarsitter Sytze Holtrop seit soargen te hawwen foar minsken, bisten en miljeu. Dy steane heech yn it findel by de Chrsiten Unie. Dêrom stimt de partij tsjin de sânwinning yn de Iselmar.

22:08
NCPN oer plan: "zand erover!"

Fraksjefoarsitter Rinze Visser hat it al oer 'de dertig zilverlingen' as er it oer de bydrage fan it bedriuw Royal Smals foar de regio hat. Dat is ien fan de ôfspraken: dat it bedriuw dat de sânwinning docht, jild foar projekten yn de regio beskikber stelt. Dat soe mar goed 3 miljoen wêze. Boadskip fan de nestor yn de gemeenteried oan Smals: "zand erover!"

22:01
D66: sânwinning past net yn de Iselmar

It Iselmargebiet fertsjinnet it om Natura 2000-gebiet te wêzen, seit riedslid Annemiek Vonk fan D66. Sânwinning: ferlies fan ljocht, stilwêzen en min foar toerisme en rekreaasje. Dus sânwinning moat net wêze.

21:54
GroenLinks oer draaien FNP: "better let as net"

Anne Merkuur fan GroenLinks no. Sûnt 1 febrewaris is se fraksjefoarsitter fan de partij, as opfolger fan Matthijs Sikkes - van den Berg, dy't nei de provinsjale steateferkiezingen fan 20 maart oerstapt nei Provinsjale Steaten. GroenLinks is ek tsjin sânwinning yn de Iselmar. Dat de FNP no op it lêste momint ek tsjin is, dêroer seit Anne Merkuur: "better let as net."

21:49
PvdA snapt tiidstip 'nee' FNP net

Riedslid Wietze de Haan fan de PvdA leit no út wêrom't syn partij tsjin sânwinning is. Hy hat krityk op it tiidstip fan it 'nee' fan de FNP. Hie earder kinnen. Hy stelt ek dat hy it net begrypt dat de FNP troch wol yn it kolleezje. "De partij denkt waarschijnlijk: 'zand erover", grapket De Haan. Neffens him is it 'fuortbestean fan it kolleezje net foar de hân lizzend.

21:47
VVD sil foar stimme

De VVD sil foar it útstel stimme om sân te winnen yn de Iselmar, seit fraksjefoarsitter Storms. Hy hâldt de kaarten noch tsjin de boarst om it fertrouwen yn de FNP as koälysjepartner op te sizzen. Dat is mooglik yn de twadde termyn it gefal.

21:40
Sânwinning fan nasjonaal belang, seit VVD

Draachflak is belangryk, mar dat moat ek ôfsetten wurde tsjinoer oare belangen, seit Storms fan de VVD. Hy doelt op in nasjonale belang fan de sânwinning yn de Iselmar.

21:30
VVD begrypt it feroarjen fan miening troch FNP net

Fraksjefoarsitter Olaf Storms fan de VVD stiet no efter de mikrofoan. Hy en syn trije fraksjegenoaten binne foar de sânwinning yn de Iselmar. Storms hat al sein dat de VVD de stekker út it kolleezje lûke sil at de FNP tsjin stimme sil. De fraach is oft er dat no al yn de earste termyn dwaan sil.

21:29
Ynspraak wie krúsjaal foar FNP

Ynspraak troch de minsken hat der foar soarge dat de FNP úteinlik feroare is fan miening, beëiniget Volbeda fan de FNP syn bydrage, dy't likernôch in heal oere duorre hat.

21:18
"Miskien binne der wol oare plakken yn de Iselmar", stelt FNP

De konklúzje foar de FNP wie dat it net in 'beklonken koers' wie, wat earst wol tocht waard. Volbeda en de oare seis FNP-ers yn de gemeenteried fine dit momint noch net te let om 'nee' te sizzen. Arguminten: it wingebiet leit yn Natura 2000-gebiet. Miskien binne der wol alternative plakken, seit Volbeda. Ek saakkundigen sprekke inoar tsjin, fynt er.

21:13
FNP fynt dat draachflak fuort is

No safolle organisaasjes en partikulieren harren tsjin de sânwinning keard ha, fynt FNP-er Volbeda net dat der mear sprake is fan draachflak.

21:09
"Plan itselde, wrâld is feroare", seit FNP

Jan Volbeda fan de FNP seit dat it plan noch hieltyd itselde is, mar dat de wrâld feroare is. Dat hat makke dat de FNP op it lêste momint fan miening feroare is en tsjin de sânwinning yn de Iselmar stimme sil.

21:07
Jan Volbeda (FNP) praat foar ien kear Nederlânsk

De FNP is oan bar. Fraksjefoarsitter Jan Volbeda seit dat er normaal sprutsen Frysk praat, mar omdat der lanlike oandacht is, docht er it hjoed foar ien kear yn it Nederlânsk.

21:05
"Plan de nekke omdraaie, kin net"

"Een particulier initiatief in het zicht van de haven de nek omdraaien, kan niet", beslút Van Zanden fan it CDA syn earste termyn. Want de ôfspraken wiene al makke.

20:57
CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden oan it wurd

By 'rentmeesterschap' heart ek dat jo makke ôfspraken neikomme, seit CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden. Dat liket no net te barren. 'De trein rydt al efkes, mar it einstasjon sil net helle wurde", stelt de foaroanman fan de grutske fraksje yn de gemeenteried fan De Fryske Marren.

20:53
Bedrigingen binne 'verwerpelijk', seit CDA

CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden begjint. Dat minsken bedrige binne fanwegen harren miening oer de sânwinning is 'verwerpelijk', seit er. It debat moat op in goeie wize yn de riedseal hâlden wurde.

20:51
Hast 16.000 hantekeningen oanbean

Foardat de gemeenteried begjint mei it debat, wurde der 15.595 hantekeningen oanbean troch tsjinstanners fan de sânwinning. De rolle is mear as 35 meter lang en wurdt yn ûntfangst nommen troch boargemaster Fred Veenstra.

20:32
Riedsgearkomste begjint wat letter

De riedsgearkomste begjint wat letter. "It petear' mei ynsprekkers út de gemeente is noch dwaande. Der is gjin frij plak mear yn de seal. Elkenien wachtet op de diskusje oer de sânwinning. Folget it CDA koälysjepartner VVD om it kolleezje falle te litten no't de FNP 'nee' sizze sil tsjin sânwinning yn de Iselmar.

20:08
Soad belangstelling foar de riedsgearkomste
20:00
Wêr giet it jûn oer?

De gemeenteried yn De Fryske Marren nimt woansdeitejûn in definityf beslút oer sânwinning yn de Iselmar. Alles liket derop dat dy sânwinning net trochgiet, no't kolleezjepartij FNP sein hat tsjin te stimmen. Mar dat hat laat ta spanning yn it kolleezje, want neffens de koälysjepartner VVD is de FNP no net mear betrouber. Lês hjir de foarbeskôging.

19:36
Sjoch rjochstreeks de stream hjirûnder

De app-gebrûkers kinne de livestream hjir folge.

19:30
Skema jûn

De riedsgearkomste yn De Fryske Marren begjint woansdeitejûn om 20.00 oere mei in petear. Om 20.30 oere set it debat útein. Dan begjint ek de livestream.

(advertinsje)
(advertinsje)