FIDEO: IepenUP oer plestik

13 feb 2019 - 19:37

De Waadkust is noch net befrijd fan de bulten plestik dy't de kontenerramp feroarsake hat. In soad konteners moatte noch burgen wurde en noch hieltyd spielt ferskaat guod oan op de Waadeilannen. Dé oanlieding om it yn IepenUP te hawwen oer plestik. Sjoch hjir fan 20.00 oere ôf mei.

Wy brûke it de hiele dei troch yn ús deistich libben. Mar, wat is plestik no eins presys? Wêrfan en hoe wurdt it makke? En wichtiger noch: wêrom fergiet it net, en: kin it net minder? Sanne Steenbrink fan hegeskoalle Van Hall Larenstein fertelt hjiroer.

De gefolgen fan de kontenerramp

Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach, is te gast om te praten oer de gefolgen foar har eilân. Ek fertelt se wat it plan fan oanpak is om de konsekwinsjes fan de ramp sa beheind mooglik te hâlden.

Op Skylge stie de boel op de kop: Lennard Jan Geerds fan Terschelling.TV wit it noch goed. Hy makke de earste bylden fan de ramp en sil dêroer fertelle. Op datselde eilân spielde de iene nei de oare 'My Little Pony' oan. Martin Winnen jutte 600 fan dy kleurde plestik ponnys fan it strân en ferkeapet se no foar in goed doel.

En mear

San Xyz fersoarget de muzikale yntermezzo's en Janneke Spoelstra is de dichter fan de wike. De kollum komt fan Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en keunstner Carolien Adriaansche makket fan it meinommen plestik fan de gasten wat nijs.

Foto: Omrop Fryslân

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)