Bliuwt it kolleezje yn De Fryske Marren oerein?

13 feb 2019 - 18:28

De gemeenteried yn De Fryske Marren nimt woansdeitejûn in definityf beslút oer sânwinning yn de Iselmar. Alles liket derop dat dy sânwinning net trochgiet, no't kolleezjepartij FNP sein hat tsjin te stimmen. Mar dat hat laat ta spanning yn it kolleezje, want neffens de koälysjepartner VVD is de FNP no net mear betrouber.

It gemeentehûs fan De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fraksjefoarsitter Olaf Storms fan de VVD lei moandei in bom ûnder de koälysje, as de FNP definityf tsjin de plannen stimt. Want as dat bart, wol de VVD de stekker út it kolleezje lûke. Storms: "We hebben een jaar geleden een coalitie gevormd en afspraken gemaakt en dan gaat in één keer één partij wat anders doen, zonder overleg. Dat hoort niet zo."

CDA sprekt him net sa bot út as de VVD oer de ferhâldingen yn it kolleezje. Fraksjefoarsitter Jan van Zanden wie foaral ferbjustere: "Wy binne net lilk, mar wol hiel ferrast. Gewoanwei fynst sa'n beslút plak yn it debat, net fan tefoaren." Oer hoe no fierder, die Van Zanden noch gjin útspraak. "Der leit wol in lyts bomke ûnder de koälysje."

"Gefolgen net te oersjen"

Dat de FNP no tsjin sânwinning is, hat te krijen mei nije ynsichten. "Wy kinne de gefolgen fan sânwinning net goed oersjen", sei fraksjefoarsitter Jan Volbeda ferline wike. "En deskundigen dy't it plan beoardield hawwe, binne it net mei-inoar iens. Dat is foar ús reden genôch om tsjin te stimmen."

Wat binne de plannen?

It bedriuw Royal Smals út Cuijk wol in sânwinfabryk foar de kust fan Aldemardum sette. Mei dat fabryk wolle se tritich jier lang twa miljoen kúb sân winne foar de oanlis fan bygelyks diken.

It sân yn de Nederlânske rivieren is hast op. Doe hat Smals sein: 'De Iselmar soe foar ús in moai gebiet wêze om sân te winnen.' Al yn 2007 wiene de earste petearen yn doe noch de gemeente Gaasterlân-Sleat en yn 2011 waard der in akkoart sletten.

De bedoeling is dat der sa'n fiif kilometer út de kust by Aldemardum sân wûn wurdt. It wichtichste tsjinargumint fan de measte tsjinstanners is dat se benaud binne foar fersmoarging. Dat kin lûdsoerlêst wêze, ljochtfersmoarging, mar se binne ek benaud foar de negative gefolgen foar de rekreaasje.

Yn it kolleezjeakkoart fan VVD, CDA en FNP, dat yn 2018 optekene is, stiet neat oar de sânwinning. Dat is om't it yn 2012 al mûnling besletten wie.

De stim fan de FNP jout de trochslach foar of tsjin sânwinning. Stimme se foar, dan is der in mearderheid foar sânwinning. Stimme se tsjin, dan net.

Sânwinning De Fryske Marren

It lêste wurd oer de sânwinning leit net by de gemeente De Fryske Marren, mar by it Ryk. Minister Cora van Nieuwenhuizen sei lykwols earder al dat se it beslút fan de ried respektearje sil.

De riedsgearkomste yn De Fryske Marren begjint woansdeitejûn om 20.00 oere mei in petear. Dêrnei, dat sil om 20.30 oere hinne wêze, set it debat útein. Omrop Fryslân is derby en docht ferslach yn in liveblog. Yn de liveblog diele we ek livebylden út de riedsseal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)