Eutanasy yn Fryslân: wat is oerbleaun fan de pioniers yn de jierren 70?

13 feb 2019 - 18:23

Hast 50 jier lyn wie Noardwâlde wrâldnijs. De húsdokters út it doarp, Truus en Andries Postma, sieten yn de allerearste grutte eutanasyrjochtsaak fan Nederlân en soargen derfoar it ûnderwerp eutanasy op de diskusjetafel kaam. Yn dizze wike fan de eutanasy sjogge wy hjir op werom en watfoar ynfloed ha de aksjes fan dizze pioniers hân safolle jier letter?

Fryske pionier eutanasy-wet

Tegearre mei har man Andries wie húsdokter Truus Postma út Noardwâlde ien fan de minsken dy't yn de jierren '70 it taboe op eutanasy trochbruts. Op 19 oktober 1971 ferrjochte Truus eutanasy op har slim sike en ferlamme mem. "Ze hing vastgebonden in de rolstoel, amper aanspreekbaar. Ik zei tegen mijn man: ik wil het voor mijn moeder doen. Ik heb het haar beloofd. Ik heb haar omhelsd en in haar minst slechte oor geroepen: mam het komt allemaal goed. Toen heb ik de spuit gegeven. En dat was het", seit Truus Postma yn in ynterview mei RTV Drenthe yn 2001.

Ien wike ûnder betingst

Neidat útkaam wat Truus dien hie, waard de offisier fan justysje ynskeakele, mar de doarpsgenoaten fan Truus wiene it hjir net mei iens. Se stienen efter it pear en der kaam in hantekenaksje dêr't goed 1.700 doarpsgenoaten yn oanjoegen de húsdokter te stypjen. "We kregen honderden brieven overstromend van dankbaarheid, maar ook scheldbrieven. Moordenaar, hoe durft u, dat god uw moge straffen", seit Truus.

"Toen ging bij ons ook pas de ogen open. Dat er een grote groep mensen was die er aan toe was om de discussie over euthanasie te voeren. Mensen die vertelden hoe meer dan beestachtig hun geliefden gestorven waren en dat ze een trauma met zich meedroegen omdat ze de dokter hadden gesmeekt om een spuitje te geven." En sa waard it 'Leeuwarden euthanasieproces' wrâldnijs. Uteinlik krijt Truus in finzenisstraf ûnder betingst fan ien wike en in proeftiid fan in jier.

Mensen die vertelden hoe meer dan beestachtig hun geliefden gestorven waren en dat ze een trauma met zich meedroegen omdat ze de dokter hadden gesmeekt om een spuitje te geven.

Truus Postma
Foto: NVVE

"Ik wol kieze hoe't ik gean"

Andries de Blaauw wit al 40 jier dat hy eutanasy krije wol as it momint dêr is. Hy hat him ynspirearje litten troch de saak fan Truus en Andries Postma. "Ik wol kieze kinne hoe't ik gean. Ik fyn dat minsken it rjocht ha moatte om oer it eigen libben te beslissen en net fan in oar ôfhinklik wêze", fertelt er.

De Blaauw hat twa ferklearringen: ien algemiene, mar ek ien foar it momint dat hy demintearjend reitsje soe. Op it momint dat ien demint wurdt, is it nammentlik ekstra dreech om eutanasy te krijen. Dat komt omdat alle minsken mei it folle ferstân de kar meitsje moatte foar eutanasy.

"Der is in kâns dat as ik demintearjende bin, dat ik dan net eutanasy krije kin. Dêrom bin ik ek lid fan 'Coöperatie Laatste Wil'." Dizze koöperaasje kaam septimber 2017 yn it nijs omt se foar harren leden in middel hienen sadat se sels harren libben einigje kinne. Der ûntstie in diskusje en it Iepenbier Ministearje sei dat it oanbieden hjirfan strafber is. Spitich, fynt Andries. "Mar ik tink dat de koöperaasje noch wol mei in oare oplossing komme sil."

Mear as 600 kear eutanasy yn it jier yn it Noarden

It tal minsken dat eutanasy brûkt yn it Noarden hat noch nea sa heech west. Yn 2017 wiene yn Fryslân, Grinslân en Drinte mear as 600 meldingen foar eutanasy neffens sifers fan de Regionale Toetsingcomissie Euthanasie. Dat is fjirtich prosint mear as fiif jier lyn.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik ken geen huisartsen meer die geen euthanasie toepassen"

Dizze sifers herkent húsdokter Gert Bloemberg fan It Hearrenfean, hy is de húsdokter fan Andries. "Ik zie dat er steeds meer euthanasie toegepast wordt en ken eigenlijk ook geen huisartsen die het niet meer doen." Húsdokters meie sels bepale oft se wol of net efter it tapassen fan eutanasy steane.

Bloemberg tinkt dat sa'n tsien prosint fan de húsdokters hielendal wegeret om eutanasy ta te passen. Hy jout oan dat alle húsdokters harren eigen grinzen ha. "Als iemand bijvoorbeeld dementie heeft of een optelsom aan ouderdomskwalen, dan weiger ik om euthanasie te gebruiken. Dat voelt voor mij niet goed."

Ut sifers blykt wol dat der hieltyd mear minsken mei demintens en eutanasy te krijen krije. Yn 2017 lei it oantal op 14, dat is hast trije kear safolle as fiif jier dêrfoar. Ek it tal minsken mei psychiatryske klachten dat eutanasy tapast krijt is fiif kear mear as yn 2012. Fierwei de measte oanfragen wurde noch hieltyd dien om't minsken kanker ha, mar ek in kombinaasje fan âlderdomskwalen, hert- en iersyktes en oandwaningen oan it senuwstelsel.

Foto: Omrop Fryslân

"Heel indrukwekkend"

Bloemberg sels hat yn de tsien jier dat er húsdokter is sa'n 30 kear eutanasy brûkt foar syn pasjinten. En dat is net samar wat: "Het is heel indrukwekkend als ik dat moet doen voor een patiënt, Ik vind daarom ook dat je heel dapper en zeker van je zaak moet zijn om dit te ondergaan."

Bloemberg soarget alle kearen foar dat hy him oan de strange regels hâldt en dêrom fielt it foar him net gek om te dwaan. Sels hat Bloemberg gjin eutanasyferklearring. "Ik maak het van dichtbij mee elke keer en dan zie je ook hoe heftig het is. Ik weet niet of ik dat zou durven."

De earste eutanasywet fan de wrâld

It kiezen foar eutanasy kin noch mar sûnt 2002 en de rjochtsaak fan Truus Postma hat hjir de oanlieding foar west. Nei de saak beslút Klazien Sybrandy-Alberda en har man Jaap Sybrandy har yn te setten foar eutanasy. Op 23 febrewaris 1973 rjochtsje de twa út Finkegea de Nederlandse Vereniging voor Vrijwillige Euthanasie (NVVE) op.

It groeide fan in lokale groep oant in lanlike organisaasje en rjochte him op it ynformaasje jaan en ûndersyk dwaan nei eutanasy. Doe wie it 30 jier letter einlik safier: op 1 april 2002 giet de earste Nederlânske wet foar eutanasy fan krêft. Eutanasy is noch wol hieltyd strafber, mar in dokter dy't alle easken neilibbe hat, kin no in strafútsluting oanfreegje. "Als mijn moeder weet dat dit het resultaat was dan denk ik dat ze denkt: 'het had zo moeten zijn'", seit Truus yn it ynterview.

Easken eutanasy

Yn de eutanasywet stiet dat in dokter meiwurkje mei oan libbensbeëiniging, mar dan moat hy wol de seis easken fan de wet neilibje. De dokter moat oertsjûge wêze dat:

1. it fersyk frijwillich is en dat der goed oer neitocht is

2. de pasjint útsichtleas en ûndraachlik lijen hat

3. de pasjint ynformearre is oer syn sitewaasje en foarútsjoggen

4. der gjin oare oplossing is

5. yn alle gefallen ien ûnôfhinklike dokter de pasjint sjoen hat en in skriftlik oardiel jûn hat oer de sitewaasje

6. de dokter de libbensbeëiniging of help by selsdeading medysk soarchfâldich útfierd is

It stik 'It wie op in simmerjûn' fan Pier21 fertelt it ferhaal efter eutanasy en draait op dit stuit yn it Fryske teater. Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje in stel dat út it libben stappe wol. Tagelyk spylje se ek de dochter fan it stel en har man. De kar fan harren âlden hat ek in soad ympakt op harren libben. Yn Fryslân Hjoed fertelden beide akteurs oer it tema want it leit ek ticht by harsels. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer wannear en wêr de foarstellingen binne.

Trefwurden: 
eutanasy Truus Postma
(advertinsje)
(advertinsje)