Wrâld Radio Dei: Nina en Grietje Paula: "Wy binne tige wiis mei Harm!"

13 feb 2019 - 16:54

It is dizze woansdei Wrâld Radio Dei. In moaie dei om stil te stean by de minsken dy't radio mei mooglik meitsje: de harkers! Want wa harkje der eins nei de Omrop? En wêrom? Wat betsjut radio foar harren? Femke de Walle socht fiif trouwe Omrop Fryslân-harkers op en prate mei harren op it plak der't se de Omrop it faakst oan ha.

Nina en Grietje Paula - Foto: Omrop Fryslân, Femke de Walle

Foar Nina (40) en Grietje Paula (37) út Drylts wie Omrop Fryslân leafde op it earste hearren. Se harkje kwealik in jier nei de Omrop, mar binne miskien wol de meast trouwe harkers fan allegear. Dy leafde foar de Omrop diele de suskes mei harren maten Maaike en Renske. Mei syn fjouweren bestoke sy de Omrop-dj's en presintatoaren geregeld mei appkes. Se litte it witte as se harkje, mar melde harren ek kreas ôf oft de radio efkes út moat.

Grietje Paula: "Dan witte se yn de studio dat we efkes net reagearje, no?" De folumeknop giet écht flink omheech as de Bounty Hunters foarby komme. De band fan sjonger Johannes Rypma is sels de reden dat de froulju de Omrop derfoar set ha. As it ferske 'Maten' faker draaid waard by de Omrop, soene de manlju it live ek faker spylje. En sa barde it dat Nina, Grietje Paula, Maaike en Renske de radio op 92.2 FM setten en nea wer fan kanaal wikselen.

Wêr stiet jim radio, froulju?

Nina: "Hjir yn ús winkel yn Snits: Jees Fun Living. Dy moat takom wike spitigernôch ticht (tongersdei 31 jannewaris, red.), mar wy nimme it der noch moai efkes fan. In radio ha wy net echt. Wy ha sa'n bluetooth-speaker, mar op ien of oare wize docht dy it net sa goed, dus no harkje wy fia de stream op 'e telefoan. Dy klapt der sa no en dan út, dus dat is wol efkes ferfelend, mar hee, dan rinne wy efkes nei de telefoan en sette wy him wer oan. Lytse muoite!"

Hoe is jim leafde foar de Omrop begûn?

Grietje Paula: "Dat wie ferline jier, nei in optreden fan de Bounty Hunters yn de feesttinte fan Parregea. Wy wiene der mei ús fjouweren en foelen wol wat op, want wy stiene dêr tusken allegear Parregeasters. Mar de Bounty Hunters wiene der, dus wy wiene der ek. En se spilen Maten net! Dat fûnen wy stom. Dus wy nei Hille (gitarist fan de Bounty Hunters, red.): 'wêrom draaie jim Maten net?' 'Wy moatte noch efkes oefenje en it moat noch wat mear bekend wurde', antwurde Hille. Hoe dogge wy dat, wie fansels fuort ús fraach. 'Dan moat it draaid wurde op Omrop Fryslân.' Oh, tochten wy, dan moatte wy lústerje nei Omrop Fryslân en Maten oanfreegje. Dus wy fuort de oare deis de Omrop derfoar en neat oars dwaan as de Bounty Hunters mei Maten oanfreegje. En sa barde it dat wy no alle dagen, salang as wy kinne, nei de Omrop lústerje."

En wat bart der mei jim, as Maten foarby komt?

Grietje Paula: "Folume oan, meisjonge, meidûnsje, meiswinge, meispringe, mei gekjeije, en appe! Hiel fluch appe tuskentroch: nei de Omrop, nei de mateploech en nei heit en mem, sadat dy de radio ek wat hurder sette." Nina: "En we wurde der gewoan bliid fan. Mar echt! As it ferske derfoar is, dan wurde wy dêr bliid fan."

As wy in kear net lústerje, dan melde wy ús kreas ôf by Harm. Hy moat net ûngerêst wurde, no?

Grietje Paula

Mar fûnen jim de Omrop fuort oantreklik? Je moatte ek mar krekt in klik ha mei de presintatoaren, de dj's, de muzyk en alles wat der fierder foarbykomt...


Grietje Paula: "Ja eins wol! We tochten wolris: dit ferske fine wy minder aardich. Mar omdat
wy fuort ynteraksje hiene mei de Omroppers je krije wolris in appke werom fielde dat
fuort as thús. En elkenien praat yn je memmetaal, dus wurdearje wy de oare muzyk dy't
foarby komt ek mear." Nina: "De iene stim sprekt je fansels mear oan as de oare en der binne mominten dat wy mear lústerje. Moarns by Muzyk yn Bedriuw is it rêstich yn 'e winkel en krije wy alles wol mei. Middeis dat is wat spitich foar dy, Femke binne der faak in soad klanten en hearre
wy net it measte. Mar as Harm (Weistra, red.) begjint mei Weistra op Wei, dan is it hjir
rêstiger en kinne wy alles wer folgje."

Jim sammelje ek foto's fan Omroppers?


Nina: "No, wy moatte it net grutter meitsje as it is. We ha der no twa, fan Johan en Diana. En
aanst dus trije, want do bist hjir no. En dêrnei is ús earste prioriteit om mei Harm op 'e foto
te kommen. Mar dy helje wy in kear yn Ljouwert op. Machtich! Nee, hoechst him net yn te
ljochtsjen, hear. Dat mei in moai ferrassingsfeestje wurde. Wy soargje wol foar konfetty en
gebak." Grietje Paula: "Wy appe eins alle dagen wol efkes mei Harm. En as wy in kear net kinne, dan melde wy dat. Dan wit er dat er net hoecht te wachtsjen op in antwurd of in fraach
tuskentroch. Hy moat net ûngerêst wurde, no?"

Wolle jim oars noch wat sizze tsjin Harm?

Maaike op 'e eftergrun: "Wy hâlde fan Harm!" Grietje Paula: "Ja, wy binne tige wiis mei Harm. Ik wurd echt bliid fan Harm. Hy hat altyd ynteresse yn ús. Stjoert altyd efkes in appke en toant echt begryp. Dat is, ja, dat is gewoan
moai."

Nina en Grietje Paula

(advertinsje)
(advertinsje)