Wrâld Radio Dei: bysûndere ferhalen fan Omropkollega's út in ryk ferline

13 feb 2019 - 16:41

Woansdei is it Wrâld Radio Dei. Dé dei wêrop't wy werom sjogge op de skiednis fan de radio, de radio fan no en de takomst fan radio. Hjir sjogge wy werom op bysûndere ferhalen fan fjouwer radiomakkers fan Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Eric Ennema oer de band dy't de oere net fol spile:

"Ik wurkje sûnt 1982 by Omrop Fryslân. Ik begûn by de radio. We organisearren op in gegeven momint eltse moanne yn it winterskoft op tiisdeitejûn in kantinekonsert. Dêr kamen dan Fryske bands spyljen yn de kantine fan it jongereprogramma Radio18. Dy kamen middeis al te soundchecken, dat hie altyd hiel wat leven. Alle bands út Fryslân dy't der doe ta dienen hawwe wy wol te spyljen hân.

Ien fan dy bands wie A Cursed Fortress en dy kaam út Frjentsjer en Harns. Dy seagen der wyld út, mei swart tûpearre hier, mar dy wienen hiel ferlegen, hiel yntrovert. Dat hindere neat, it wie in hiele leuke band en in hiel leuk konsert.

It programma wie altyd fan 18:00 oant 19:00 oere, mar it wie 18:40 oere, doe't se oankundigen dat dit it lêste nûmer wie, en doe't it klear wie, wienen se klear mei spyljen. Ik hie lykwols noch sa'n kertier programma dus ik wie der wat mei oan.

Ik frege noch oft se noch nûmers hienen, mar dy hienen se net en se wienen der ek wol klear mei, mar ik moast dy stjoertiid folmeitsje. Doe haw ik it publyk oproppen oft sy noch 'we want more' skandearje woenen, dat dienen se wat heal, want eltsenien wie wat yn de war.

Dit barde yn 1988 en hoe't it úteinlik ôfrûn is, wit ik net krekt mear. Ik kaam dy jonges letter ek noch wol tsjin, allegear hiel aardich. Ien fan de bandleden is yntusken sels ferneamd parsefotograaf, mar ik haw gjin idee hoe't dat lêste kertier ôfrûn is."

Eric Ennema

Foto: Omrop Fryslân

Margaretha Bijleveld, fan skipbrek yn Fjetnam oant De middei yn Fryslân

"Myn radiomomint is it momint dat ik besefte dat ik foar de radio wurkje woe. Ik wie doe sels yn it nijs. Ik wie yn 2014 yn Fjetnam en ik makke in wrâldreis. Op it stuit dat ik yn it nijs wie, siet ik op in boat dy't sonk yn in stoarm. Doe't ik yn it wetter lei hold ik my fêst oan trije frouljlu dy't om my hinne dreaunen. It tafal wie dat dat ek Fryske froulju wienen.

Op dat stuit kinst dy mei in hiel soad dingen dwaande hâlde, mar wy hienen krekt in ûngelok hân, wy driuwe hjir yn de see: dat is nijs. Dan wist wol wat dy te dwaan stiet ast werom komst en ik makke dy reis om't ik net wist watfoar kant ik op woe, mar nei de reis wie dat wol dúdlik.

Ik mocht nei de reis ek fuort oan it wurk by de Omrop. Ik bin begûn as ferslachjouwer en no as producer by it middeisprogramma De middei fan Fryslân bin ik ek altyd op syk nei de spesjale ferhalen. Dat fyn ik eins wol it moaiste wurk dat der is."

Margaretha Bijleveld

Foto: Omrop Fryslân

Miranda Werkman wie faak it paad kwyt

"Ik wurkje no 24 jier foar de Omrop, de earste jierren in hiel protte op it nijs foar radio en telefyzje en no bin ik foaral mei projekten dwaande. Sa bin ik no dwaande mei in dokumintêre oer de legacy fan de Kulturele Haadstêd.

Myn radiomomint - en by dizze kom ik der mar gewoan foar út, ik ferdwaal altyd. Mei telefyzje hienen we yn it ferline altyd in kameraman mei en dy wist it paad altyd. Mar foar radio wiene wy altyd allinnich op 'en paad en dan hope ik altyd dat ik it paad fine koe.

Dat wie de earste angst dêr't ik oerhinne moast. As ik de doarpen al fine koe, seach ik altyd even op de plattegrûn en besocht ik te ûnthâlden hokker ôfslaggen ik hawwe moast. Der binne wol bydragen stil bleaun, om't ik it paad net fine koe.

Dat hie ik foaral as ik lâns de rotonde fan De Jouwer moast doe't dy der noch wie. Ik haw wolris belle nei de Omrop en dan krige ik in kollega oan de telefoan. Ik sei: "Ik bin no by dat homoparkearplak."

Myn kollega sei: "By De Lemmer? Nee, dat is net goed." Ik hie dan wolris rûzje mei mysels en dan tocht ik rêstich bliuwe. By de Omrop seinen se dan: "Dan slaan we dyn bydrage gewoan oer."

Ik ha de rûte wolris útprinte, mar moarns betiid wie it tsjuster en seach ik it noch net. Ik wie doe yn in radio-auto op 'en paad en dat lampke die it ek net. Ik haw mar besletten it by de projekten te hâlden."

Miranda Werkman

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Sippy Tigchelaar: Olympyske Spelen yn Italië

"Ik haw 37 jier by de Omrop wurke en ien fan de dingen dy't ik altyd die, wie it ferslach fan it reedriden. Sa kaam ik ek by de Olympyske Spelen yn Turijn. Dêr soe net ien hinne fan de Omrop en wy fûnen dat hiel spitich.

Doe kaam der in hiel pakket kaarten beskikber en ik tocht by mysels, dat kinne wy wol keapje, dan kin ik der hinne. Ik stelde dat foar oan haadredakteur Hans Snijder en dy fûn dat prima. We hienen op dat stuit eins gjin budzjet sei er, dus it moast sa goedkeap mooglik.

Jûns haw ik in mail stjoerd nei in pensjon yn Turijn, dat wie allang fol en dat haw ik ek yn de mail set. Mar ik frege my ôf oft sy ek noch ergens oars in plakje foar my hienen. Binnen tweintich minuten krige ik in mailtsje werom dat se in plakje foar my hienen by in man dêr't ik sliepe koe. Hy hjitte Luca. Luca Nozetti.

Mei sa'n namme smelte jo al fansels. Hy joech my in rûnlieding, by de keuken en de keamer del nei de sliepkeamer. Hy sei: "Do kinst hjir sliepe." Ik seach him oan en frege: "Mar wêr sliepe jo dan?" Hy antwurde dat hy wol op de bank sliepe koe. Hy moast moarns betiid nei it fabryk fan de Fiat en sei dat ik nea sa betiid opstean soe.

Dan kinsto letter dûse en dysels rêde. Sadwaande haw ik trije wike mei Luca omspaand. Ik hie by dy Spelen gjin parse-akkreditaasje en moast dus alles fan de tribune ôf dwaan. Ik stie dus tusken it publyk en doe't Ireen Wüst de trije kilometer ried, stie ik tusken har famylje. Se wûn dy trije kilometer en se kaam by har âlden dus sadwaande stie ik oeral boppe op, oare sjoernalisten hienen dit fansels net.

Ik hie in prachtige tiid. Ik gie ek wolris mei Luca, de stêd yn en dat waard sinjalearre troch sportfotograaf Leo Vogelzang, dy makke in foto en sette dy yn de krante. Yn roddelblêden stie dan: "Sippy Tigchelaar en haar nieuwe, Italiaanse vriend." Har man waard der thús op oansprutsen, mar hy koe der ek wol om laitsje.

Sippy Tigchelaar

(advertinsje)
(advertinsje)