Ryk en provinsje stekke 17 miljoen yn fersterking fan Iselmarkust

It Ryk en ferskate Fryske partijen ynvestearje mei elkoar hast 17 miljoen euro om de Iselmarkust te fersterkjen. It jild is ek bedoeld om de kust noch oantrekliker te meitsjen troch bygelyks nije fytsrûtes oan te lizzen en bettere plakken foar wettersporters en kitesurfers en it belibjen fan kultureel erfgoed.
Ryk en provinsje stekke 17 miljoen yn fersterking fan Iselmarkust
Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat woansdei in wurkbesite oan it strân fan Warkum en natueurgebiet Warkumerwaard. Se wie dêr om mei deputearre Sander de Rouwe en de wethâlders Maarten Offinga en Frans Veltman de bestjoersoerienkomst te ûndertekenjen oer de fersterking fan de Iselmarkust.
De oanpak oan de Iselmarkust is nedich om't it wetterpeil yn de Iselmar feroaret. Mooglik brokkelje natuergebieten en strannen dêrtroch ôf.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It giet om in gearwurking tusken it Ryk, de provinsje, de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea. Yn 2021-2022 moatte de projekten útfierd wurde.

Wat wurdt oanpakt?

Op de webside fan de provinsje wurdt wiidweidich útlein wat der krekt barre giet.