Ferwûne by stekpartij yn wenning oan Veulenstrjitte yn Ljouwert
Yn in hûs oan de Veulenstraat yn Ljouwert hat woansdei in stekpartij west. Dêrby is in frou swierferwûne rekke. Dy is nei it sikehûs ta brocht. De plysje hat ien persoan oanholden.
De plysje hat de omjouwing fan it hûs ôfset om ûndersyk te dwaan. Der wiene ek ferskate ambulânsen teplak.