Smellingerlân siket nije gemeentedichter

13 feb 2019 - 15:26

De gemeente Smellingerlân siket in nije gemeentedichter. De hjoeddeistige gemeentedichter, Andries de Jong, nimt dizze maitiid ôfskied. Wa't him opfolget, mei de kommende twa jier by bysûndere gelegenheden gedichten skriuwe en foardrage.

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de gemeente moat de gemeentedichter in kreatyf persoan wêze dy't mei syn of har gedichten de ynwenners fan Smellingerlân mei in frisse blik sjen lit nei it deistich libben yn de gemeente. Dizze man as frou hoecht gjin professional te wêze.

De gemeentedichter moat op syn minst fiif gedichten yn it jier skriuwe en foardrage. Der is in fergoeding fan 150 euro it gedicht.

Minsken dy't meidwaan wolle, moatte twa gedichten ynstjoere. Ien moat gean oer it tema 'mienskip', it oare is oan de dichter sels.

Dielnimmers moatte har foar 25 maart melde by de gemeente.

(advertinsje)