Hout oanspield op de Waadeilannen

13 feb 2019 - 15:20

Nei al it plestik guod, kuolkasten, telefyzjes en boartersguod, spiele no massaal beamstammen oan op de strannen fan Skylge, It Amelân en Skiermûntseach.

Beamstammen - Foto: Shutterstock.com

It hout komt net fan it kontenerskip MSC Zoe, mar fan it skip Heba M., dat fart ûnder de flagge fan de Cook Islands. Dat skip hat de lading beamstammen ein jannewaris ferlern, tusken Rotterdam en Ingelân. Dy spiele no oan op de Fryske Waadeilannen.

It hout is noch net frij jûn

De eigener fan de beamstammen hat it hout noch net frij jûn. Dat betsjut dat de eilanners de beamstammen net samar meinimme meie, mar dat dat registrearre wurde moat. Boargemaster Bert Wassink fan Skylge hat de rol fan 'strandvonder'. Dy hâldt foar de eigener fan it hout tafersjoch op it hout dat oanspielt.

Boargemaster fan Skylge Bert Wassink, oer it oanspielde hout

(advertinsje)
(advertinsje)