Aldste fytser fan Nederlân: "Op de fyts komme je op plakken dêr't je, op myn leeftiid, oars net komme"

De âldste fytser fan Nederlân is 97 jier en wennet op It Hearrenfean. Gerrit Scheenstra pakt geregeld noch de fyts. Bygelyks foar in tochtsje nei de Weerribben. Dat levere him De Gouden Trapper op: de priis foar de âldste noch aktive fytser fan Nederlân.
Gerrit Scheenstra grutsk op syn trofee
Scheenstra krige de priis tiisdeitemiddei yn Den Haag út hannen fan ferkearsminister Cora van Nieuwenhuizen. De priis is it startsein fan it projekt Doortrappen. Dit projekt hat as doel doel âlderen derop te wizen dat fytse op leeftiid gjin beswier hoecht te wêzen.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De ôfrûne twa jier hat Scheenstra sa'n 6.400 kilometer fytst. Syn geheim? "Ik ha myn hiele libben fytst en ik ha myn hiele libben oan sport dien. En ik ha goed libbe. Ik ha noait smookt, of ja, de lêste 50 jier net mear. En ik ha altyd lekker iten. Dat is ek belangryk."
Scheenstra hopet dat er in foarbyld is foar leeftiidsgenoaten. "Op de fyts komme je op plakken dêr't je, op myn leeftiid, oars net komme." Scheenstra advisearret wol om op dyn 70ste te begjinne mei fytsen, net op dyn 90ste.
De Feanster hat ek ferstân fan fytsen: hy hat nammentlik hast fjirtich jier by Batavus wurke.