Wrâld Radio Dei: Steven Alkema: "Bliuw foaral harkjen!"

13 feb 2019 - 14:09

It is dizze woansdei Wrâld Radio Dei. In moaie dei om stil te stean by de minsken dy't radio mei mooglik meitsje: de harkers! Want wa harkje der eins nei de Omrop? En wêrom? Wat betsjut radio foar harren? Femke de Walle socht fiif trouwe Omrop Fryslân-harkers op en prate mei harren op it plak der't se de Omrop it faakst oan ha.

Foto: Omrop Fryslân, Femke de Walle

Steven Alkema (26) út Harns harket noch net sa lang nei de Omrop. Mar it wie foar him sa dúdlik as wat: dy kommersjele stjoerders yn Hilversum passe him net. "As der yn Seelân wat bart, dan is dat nijs, mar dat ynteressearet my net safolle." En it waar yn Amsterdam hoecht er ek net echt te witten. Hy wol witte hoe't it komt yn Harns! Komt der stoarm of net? Want dat hat fuort gefolgen foar syn wurk.

Steven is troud en hat twa bern. Foar syn eigen bedriuw, Alkema Overslag & GWW Service, ferhiert er himsels as kraanmasinist. Hy is foaral yn en om de haven fan Harns te finen, bygelyks by it laden en lossen fan skippen. Radio is foar him de maat dy't tsjin him oan praat wylst hy it wurk docht. "Hy stiet altyd oan. En altyd op 'e Omrop."

Wêr stiet dyn radio, Steven?

"Hjir yn 'e keet ha 'k ien te stean. Dy giet oan sadree't ik binnenstap. Op de Omrop, no? Altyd. Moarns de lûken iepen en de radio oan. Dat is it earste dat ik doch. En op 'e kraan, no? Dêr stiet er ek altyd oan. Thús ha 'k de radio trouwens ek altyd oan. Mar foaral middeis ha ik it drokker mei it wurk en it gesin, dus dan hear ik net alles, mar hy stiet wol altyd oan op 'e eftergrûn. It heart der gewoan by."

Wêrom is dy radio sa wichtich foar dy?

"Arbeidsfitaminen! Ik fyn it gewoan gesellich op 'e eftergrûn. Ik fyn it leuk om sa in bytsje op 'e hichte te bliuwen fan it nijs, it waar en alles wat der fierder spilet. En Omrop Fryslân is moai regionaal, dus dan witte je wat der yn 'e buert bart. It wurket gewoan fijn. As je dwaande binne en je ha de radio net oan, dan tinke je: wat is it hjir stil! Dan mis ik dochs in bepaalde sfear."

En wêrom Omrop Fryslân?

"Ik hoech net te witten wat der yn Seelân bart. Dat ynteressearret my net sa. En de lanlike stjoerders pakke it gemiddelde waar fan Nederlân; de Omrop konsintrearret him op it waar fan hjir. Foar it wurk dat ik doch, is it waarberjocht in soad fan belang. Op dizze wize bliuw ik goed op 'e hichte."

Weer dat Friese geneuzel? Daar verstaan we geen enkele moer van!

Steven Alkema

Mar do bist noch in jongkeardel, en men seit wolris: de Omrop is foar âlde minsken. Krijst dat wolris te hearren?

"Dat hear ik wolris, yndied. Dat se freegje: wêrom harkesto der nei? Ien fan myn klanten is in Hollânsk bedriuw. Dy manlju begripe sawiesa net wêrom't ik nei de Omrop harkje. Dy kleie ek altyd as ik de radio fan de masine wer op de Omrop set ha: "Och, zitten ze weer met dat Friese geneuzel? Daar verstaan we helemaal geen enkele moer van!", hear ik dan. Ik fyn dat just moai. Dêr herkenne se my ek mar wer oan. Dat witte se ek: oh, hy hat der wer west. Dan stiet de radio wer op Fryslân. By oare radiostasjons wurdt itselde kassettebantsje alle dagen wol fyftich kear werhelle en dan hearst itselde ferske wol fjouwer kear op ien dei. Ik fyn dat dat by jim net sa is. Der is mear ôfwikseling yn de muzyk en de muzyk dy't jim draaie, is ek folle breder. Dat fyn ik moai."

Wat wie foar dy in bysûnder radiomomint?

"Dat wie ein ferline jier, yn desimber. Ik hearde myn broer yn de Muzyk yn Bedriuw-muzykkwis en tocht: ik wol wolris tsjin him spylje. As in wûnder kaam ik der troch en wûn ik ek noch fan him. In pear dagen letter lykwols ferstoar ús heit en ha 'k der wol efkes oer prakkesearre om it ôf te blazen, om net fierder te gean. De holle stie der net nei. Ik tocht: ik belje ôf. Mar om in oere as tsien moarns ha 'k dochs de knoop trochhakt en meidien, want it libben giet ek troch. En fan soks krije je ek wer in soad positive enerzjy. Boppedat fûn ik it sa moai dat Arjen (Overmaat, red.) my nei de kwis noch efkes kondolearre bûten de útstjoering om. Dat joech in goed gefoel. En dat is ek wer sa'n foarbyld wêrom't ik harkje nei Omrop Fryslân. Ik soe elkenien dy't harket dan ek oproppe wolle: bliuw foaral harkjen!"

Steven Alkema

(advertinsje)
(advertinsje)