Fries Museum krijt goed in ton ekstra fan BankGiro Loterij

13 feb 2019 - 14:07

It Fries Museum yn Ljouwert hat goed 322.000 euro krigen fan de BankGiro Loterij. Dat is tiisdei bekendmakke op it jierlikse Goed Geld Gala.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Alle jierren krijt it Fries Museum al 200.000 euro as fêste kulturele partner fan de BankGiro Loterij. Dêr is dit jier noch 122.647 euro bykommen, omdat fans dit bedrach it ôfrûne jier fia de lotterij by elkoar spile ha. Se keazen der spesifyk foar om it Fries Museum te stypjen.

Earder krige Museum Martena yn Frjentsjer twa ton fan de lotterij.

Mei elkoar is sa'n 80 miljoen euro oan de kulturele sektor útdield.

(advertinsje)
(advertinsje)