App warskôget automobilisten foar gefaarlike en iepene oerwegen

13 feb 2019 - 13:54

De app Flitsmeister warskôget fan woansdei ôf ferkearsdielnimmers wannear't dy yn de buert komme fan in gefaarlike of iepene oerwei. Mei dizze ekstra funksje wolle de app en spoarbehearder ProRail de ferkearsfeilichheid by spoarweioergongen ferbetterje.

Flitsmeister - Foto: ProNews

Ut ûndersyk docht bliken dat automobilisten by in net aktive befeilige oerwei faak ynienen op de rem traapje en letter reagearje as by in aktive befeilige oerwei. By in net aktive befeilige oerwei binne gjin spoarbomen, lampen en bellen.

No't automobilisten fan tefoaren warskôge wurde, ferwachtet ProRail dat minsken by in oerwei rêstiger ôfremje en op harren snelheid lette.

Fjouwer iepene oerwegen

Yn Nederlân binne 2500 spoarweioergongen. Dêrfan binne der 123 net feilich en op iepenbiere wei. Fryslân telt op it stuit fjouwer fan dy iepene oerwegen, socht it Friesch Dagblad út. Aldeleane by Deinum, Kingmatille by Wjelsryp, de Singel by Boazum en Schuilenburg tusken Hylpen en Starum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)