UPDATE: A6 is wer frij

13 feb 2019 - 13:38

De A6 tusken De Jouwer en De Lemmer is wer frij. Earder wie de dyk yn noardlike rjochting ôfsletten troch in ûngelyk yn de buert fan Sint-Nyk. Dêrtroch ûntstie in file tusken De Lemmer en De Jouwer.

A6 ticht nei file

It ûngelok barde om 13.00 oere hinne. Twa persoane-auto's kamen mei-inoar yn oanriding. Hoe't dat gebeure koe, is noch net dúdlik.

Rykswettersteat hopet krekt nei 14.00 oere de flechtstripe op it plak fan it ûngelok iepen te smiten, sadat it ferkear dat dêr stilstiet, der del kin.

File op de A6 - Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
(Advertinsje)
(Advertinsje)