Professor Goffe Jensma hellet Carles Puigdemont nei Grins op spannende dei foar Spanje

13 feb 2019 - 12:12

It Studium Generale oer 'In ûnôfhinklik Kataloanië' woansdeitejûn mei de Katalaanske presidint-yn-ballingskip Carles Puigdemont as sprekker is stiif útferkocht. De Ryksuniversiteit Grins organisearret it. Net allinnich studinten, mar benammen Spaanske media hawwe in soad belangstelling foar it evenemint, dat plakfynt op in foar Spanje spannende dei.

Foto: ANP

It is nammentlik de twadde dei fan it grutte proses yn Madrid tsjin njoggen Katalaanske politisy en oare lieders. Dêrnjonken bestiet ek nochris de kâns dat it Spaanske kabinet dizze woansdei falt.

Puigdemont komt nei Grins op útnûging fan professor Goffe Jensma fan de stúdzjerjochting Frysk, Minorities en Multilingualism. Jensma en guon fan syn kollega's hâlde har al in skoft dwaande mei it bestudearjen fan de Katalaanske kwestje.

Oan de stúdzjerjochting binne ek in stikmannich Katalaanske wittenskippers ferbûn. Mei it nei Grins heljen fan Puigdemont is Jensma al in jier dwaande.

"Het Studium Generale is vandaag bijzonder actueel", seit wurdfierder Jorien Bakker fan de RUG. "Wij zijn natuurlijk blij met deze grote belangstelling."

Oft Jensma der sels by wêze sil, is de fraach, want de professor lei moandei noch op bêd mei gryp.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Unôfhinklikheid

Carles Puigdemont pykte yn de hjerst fan 2017 út nei België, doe't dúdlik waard dat it Spaanske regear him arrestearje woe. Dat barde flak neidat it Katalaanske parlemint de ûnôfhinklikheid útrôp.

As reaksje op dy stap makke Spanje iensidich in ein oan de Katalaanske autonomy en arrestearre mar leafst sân liedende Katalaanske politisy, wêrûnder vice-premier Oriol Junqueras. Dy kin no in selstraf krije fan mar leafst 25 jier fanwege 'rebelly'.

Spanje frege sawol België as Dútslân om Puigdemont út te leverjen foar itselde fergryp, mar dat fersyk waard troch rjochters yn dy lannen fan 'e hân wiisd. Puigdemont hat him nei wenjen set yn Waterloo by Brussel en reizget op dit stuit hiel Europa troch om te pleitsjen foar it Katalaanske rjocht op selsbeskikking.

De Katalaanske striid is jûn ûnderwerp fan it Studium Generale fan de RUG yn Grins - Foto: Omrop Fryslân

'Meiwurkje oan desynformaasje'

It Spaanske regear is dêr net wiis mei en seit dat organisaasjes dy't Puigdemont in poadium biede 'meiwurkje oan desynformaasje'.

Jorien Bakker is net ûnder de yndruk fan dat ferwyt. "Wij hebben in dit land vrijheid van meningsuiting en academische vrijheid." Bakker sjocht út nei it Studium Generale. Puigdemont sil syn fyzje jaan oer de takomst fan 'Kataloanië en Europa' en ek oer de mooglikheden dy't er sjocht om in ein te meitsjen oan it konflikt tusken Spanje en Kataloanië.

De universiteit besiket it evenemint te streamen, sadat elkenien folgje kin wat de Katalaanske politikus te melden hat.

Nei ôfrin fan syn optreden sil Puigdemont syn hanteken sette yn eksimplaren fan de Nederlânske oersetting fan syn boek 'De Catalaanse Crisis'.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Arjen Dykstra fan de RUG

(Advertinsje)
(Advertinsje)