NHL Stenden hat primeur mei earste kursus Sealterfrysk

13 feb 2019 - 11:10

Foar it earst is yn Nederlân in kursus Sealterfrysk. Hegeskoalle NHL Stenden hie tiisdeitejûn de primeur. It is in fariant fan it Frysk sa't we dat yn Fryslân prate. De taal hat it Guinness Book of Records helle as 'lytste taal fan Europa'. It Sealterfrysk (oftewol Eastfrysk) wurdt nammentlik mar troch sa'n 1.500 minsken sprutsen yn de lytse regio Sealterlân yn Dútslân.

Foto: Wolter Jetten

De kursus giet oer de taal, kultuer en skiednis fan Sealterlân. Oan de kursus dogge fyftjin minsken mei. De hiele kursus bestiet út twa lessen fan sa'n twa oeren elk. Benammen studinten Dútsk en Frysk fan NHL Stenden en de Ryksuniversiteit Grins dogge mei, mar ek oare leafhawwers hawwe harren ynskreaun foar de kursus.

Dosint Wolter Jetten, dy't de kursus nei syn stúdzje Dútsk ûntwikkele hat, is tige te sprekken oer de kursisten: "Se wiene tige entûsjast. Se holden net op mei it stellen fan fragen. Sels de grammatika fûnen se nijsgjirrich."

Foto: Wolter Jetten

Isolearre regio

Jetten hat him de ôfrûne jierren yntinsyf ferdjippe yn de taal en kultuer fan Sealterlân en sprekt de taal flot. De regio hat iuwen lang isolearre west en wie simmers allinnich mei boat en winters allinnich oer it beferzen fean te berikken. Dit stelde de mienskip yn de gelegenheid de taal troch de iuwen hinne te bewarjen.

Noch noardliker yn Dútslân wurdt it Noardfrysk praat en der oer wurdt ek alle jierren in kursus oanbean troch NHL Stenden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)