Wrâld Radio Dei: Nynke van der Kooi: "As ik moarns wekker wurd, doch ik de radio oan"

13 feb 2019 - 10:58

It is dizze woansdei Wrâld Radio Dei. In moaie dei om stil te stean by de minsken dy't radio mei mooglik meitsje: de harkers! Want wa harkje der eins nei de Omrop? En werom? Wat betsjut radio foar harren? Femke de Walle socht fiif trouwe Omrop Fryslân-harkers op en prate mei harren op it plak der't se de Omrop it faakst oan ha.

Foto: Nynke van der Kooi

Foar Nynke van der Kooi (44) út Frjentsjer is radio krekt like wichtich as sykhelje. Se kin net sûnder. It is har passy, har klankboerd, har kammeraat. Nynke is blyn. Al har hiele libben. Ferskil tusken ljocht en tsjuster bestiet net foar har. En hoewol't minsken dy't al sjen kinne it har miskien net yntinke kinne; Nynke soe noait oars mear wolle. Want lûden binne har kleuren. Se libbet foar it lûd.

Net foar neat wurket se sels ek by de radio. Har programma 'Het Uur Van Nynke' makket se sels foar trije ferskate radiostasjons. Ek har wurk by de plysje docht se mei har earen. Se beäntwurdet telefoantsjes dy't binnenkomme op 0900-8844.

Wêr stiet dyn radio, Nynke?

"Kinst better freegje wêr net! Hjir yn 'e húskeamer ha 'k in radio, yn 'e badkeamer, yn de bykeuken, njonken de rinbân dêr't ik op kuierje en yn de sliepkeamer. Dus oeral eins. Foar elke radio ha 'k in ôfstânsbetsjinning, wit ik presys wêr't dy leit en wit ik ek presys hoe't ik fan stjoerder wikselje kin. Wêr't Omrop Fryslan stiet? Op 1! Al hiel lang. Ik wit net oft dat al fan eartiids is, eins. As ik op tongersdeitemiddeis thúskaam út skoalle, dan hie ús mem altyd it 'Frysk programma' op, sa't sy dat altyd neamde. Dan wie Johan Veenstra der op. No, gewee as je der trochhinne praten, want dan wie it hûs te lyts. Dat woe ús mem graach hearre, dus ja, dan wiene wy stil."

In oar docht de gerdinen iepen en sjocht nei bûten, ik set myn radio oan.

Nynke van der Kooi

Wat betsjut radio foar dy?

"Ik ha alles mei radio. As ik moarns wekker wurd, doch ik de radio oan. Op 'e Omrop fansels. Foaral om it nijsgarjen. As ik it nijs sêd bin, sykje ik in muzykstjoerder op. It earste dat ik gewoan doch, is dy radio oansette, sadat ik lûd om my hinne ha. Dêr't in oar wekker wurdt, it ljocht oan knipt en de gerdinen iepen docht om nei bûten te sjen wat dêr bart, set ik de radio oan."

Wat hasto eins mei de Omrop?

"Ja, alles. De Fryske muzyk, nije muzyk ûntdekke. Ik brûk de Omrop ek wol as ynspiraasjeboarne foar myn eigen programma. Dan hear ik in nije plaat en tink ik: hee, dit kin ik ek brûke. Dat fyn ik moai. Ik harkje eins de hiele dei troch wol nei de Omrop. Moarns fuort al nei Fryslân fan 'e moarn, mei Jacob. Ik bin gek op de kollums yn syn programma! En Muzyk yn Bedriuw. Ik doch wol gauris mei oan de kwis, want muzyk is myn passy. (En dêr is hast net tsjinop te spyljen, want Nynke riedt elk yntro, red.)

Wat wie foar dy in bysûnder radiomomint?

"Yn 2006 doe't dy hynders fêststiene op in dobbe by it Noarderleech by Marrum. It wie net bekend oft se rêden wurde soene. Doe die bliken dat se rêden wurde koene en ik dat hearde op 'e radio, ja dat fûn ik dochs wol in moai momint. En ferline jier, mei Maarten van der Weijden. Ik wie derby. Ik stie op 'e kade hjir yn Frjentsjer en hearde de minsken wol sizzen: 'hy komt deroan'. Ik fielde de ekstaze yn it publyk. En dat elkenien mar roppen bleau: 'Maarten Maarten Maarten'. Ast dat dan werom hearst op 'e radio... pikefel!"

Nynke van der Kooi

(advertinsje)
(advertinsje)