Gemeente Smellingerlân skikt mei ûntwikkeler oer Drachtsterfeart

13 feb 2019 - 09:59

De gemeente Smellingerlân hat in skikking makke mei Wind Groep en dochterûndernimming Vastgoed Noord oer it Drachtsterfeartprojekt. Beide partijen ha in fêststellingsoerienkomst tekene. Dêrmei wurdt ôfsjoen fan fierdere juridyske prosedueres, sa makke de gemeente tiisdei bekend.

Drachtsterfeart - Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Wind Groep hat yntusken in bedrach fan 150.000 euro nei Smellingerlân oermakke. De gemeente seit dat de som net yn ferhâlding ta de oerspronklike foardering stiet, mar dat der troch dizze skikking dochs noch in part fan it bedrach op de rekken binnenkomt.

Njoggen miljoen euro

Yn 2001 waard úteinset mei it projekt, wêrby't in wenwyk boud wurde soe lâns de Drachtsterfeart dy't foar in part noch útgroeven wurde moast. Dat soe Vastgoed Noord dwaan. Yn 2009 skeat de gemeente Smellingerlân njoggen miljoen euro foar om graafwurksumheden ôf te meitsjen. Memmebedriuw Wind Groep soe dit bedrach werombetelje.

Yn 2015 waard it kontrakt tusken de gemeente Smellingerlân en Wind Groep ûntbûn. Lêstneamde soe de ôfspraken net neikommen wêze. Fan de foardering, dy't noch foar twa miljoen euro yn de boeken stiet, sjocht de gemeente nei de fêststellingsoerienkomst 150.000 euro werom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)