Kollum: "Snieradio"

"Woansdei is it ynternasjonale radiodei. In app fan Omrop Fryslân fertelt my dat de programmamakkers fan doe en no fertelle sille wat radio foar jim betsjutte kin. Ik sit dêr blykber krekt tuskenyn. Bin net frege. Mar dat hinderet neat. Ik ha ommers dit hoekje noch.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Dan sjoch ik frjemdernôch ek nei de dei fan moarn. Want dan is it presys fjirtich jier lyn dat we fiif dagen sniewinter hiene. Efterôf kinne jo sizze dat wy doe yn 1979 as radio folwoeksen waarden.
Ik wie de foarige jûns thúskaam troch sniedunen. De oare moarns kaam ik net mear fuort, ek al hie ik de skeppe yn de auto. Mei de smoar yn thús, want ja, kompjûters wiene der noch net. Alle wurk lei op it wurk. Doe hearde ik foar radio twa Klaes Wielinga, ús doetiidske baas. It wie sa'n rare tastân dat Radio Fryslân, sa hjitten wy doe noch, soe fan 11 oere ôf de hele dei yn de loft. Moatte jim witte dat ús fêste programmearring wie in healoerke middeis en in oerke jûns. Net mear.
Tsjinoer ús wenne in plysjeman. Ynienen in plysje-auto foar syn doar. Wêrhinne? Besykje yn Ljouwert te kommen. Ik njonken de skokbrekkers, dy't al efteryn leine. In deaderit, want wannear't je op gong wiene, moasten je trochfege. Mar ik kaam yn de studio. Dêr wiene mar in pear oaren. We wennen ommers rûnom yn Fryslân. En dat Fryslân kaam linkendewei meters ûnder de Dútse stosnie.
We diene wat we noait diene. Telefoantsjes. Elk oere earst waarman Hans de Jong. Dan de man fan de bussen. En Steunebrink fan de spoarwegen, dy't elk oere fertelle moast dat de treinen ek net rieden. De skoallen holden op. Bedriuwen ek. Elk besocht thús te kommen en dat wie in hiele heisa. En wy mar sizze wat der allegear net trochgie, oant begraffenissen en houliken ta. Mar we koene ek net inkeld fertelle wat der wol trochgie, want dat wie hielendal neat.
Let op de jûn wie it dúdlik dat der gjin minsken omkaam wiene. Ek net yn de ûndersnijde auto's. Mar we giene troch. Fiif dagen in soarte fan sa no en dan twatalige rampesender.
Wy slepten yn de stêd. We koene net mear thús komme. Bert Hooijer, de technikus, koe ek net komme. Der wiene twa ynstallateurs út Hilversum. Dy diene alles, al rûn it swit har oer de rêch. Soks hiene se noch noait dien. We moasten wize, want se ferstiene ús net. En we ha alle muzyk dy't we hiene yn dy fiif dagen twa kear draaid. We hiene fierstente min. Alfêst wat leard.
We koene amper op reportaazje. Marten van Kammen besocht it in pear kear. Gryt en Aly brochten mei in helikopter in molketank by in boer. Oare boeren skillen ús. Dan kaam der in ploech út it doarp en dy skepten harren oprit sniefrij. Boerinnen tanken ús skriemende. Yn de útstjoering. Fryslân skriemde mei.
Wat dy sjauffeurs fan de molkweinen ek net belibbe ha. Want it sniestode mar troch. Ek dy jonges fan it PEB, it elektrisiteitsbedriuw. Wat jim net witte is, dat it doe trije dagen letter noch hiel wierskynlik wie dat alle stroom yn Fryslân útfalle soe. Hans van der Zee hat my letter it elektrisiteitshokje fan Pikesyl sjen letten. Stiet yn de bare rûnte. Doe folstood mei snie en dy jonges klauden troch trije meter snie dêrhinne, want oars...
Oars hiene wy net mear útstjoere kinnen. En it waard aloan geselliger. Se fûnen út dat wannear't immen in plestiken (dat mocht doe noch) pûdsje oan de doar hong, dan waard dy holpen. Dat koe, want ploegen ferwoeste manlju wrotten troch de snie nei de bakker yn in oar doarp; se kamen mei sliden fol bôle wer werom.
En wy? Wy wiene fiif dagen de spin yn it it web, sa't Rein Tolsma sei. Bestjoerders koene elkoar net berikke, mar fia ús wol. Mar se moasten prate mei elkoar yn de útstjoering. Sa waard it transparant foardat it wurd bestie. It sintrale rampesintrum fan de provinsje koe ek net sûnder ús. Sels doe't minister-presidint Van Agt ynflein waard en mompele dat it alderbenaudst wie, hie ik him al ynterviewd foardat loko-kommissaris Renkema oan de bak koe. Dat smiet ek gjin sint op. Se ha it dêr noait begrepen. Noch net, wannear't wy no gnize en trochride wannear't se it oer koade read ha dêr.
Fiif dagen hie hiel Fryslân de radio oan. It wie de start fan ús nije karriêre, in omrop foar alle Friezen. Der wêze wannear't je der wêze moatte. Dêr ha we fansels ek in hiel moai gewest foar. Elkenien wie dwaande om in oar te stypjen. Moandeis, de sechsde dei, wiene we der wer gewoan. Rients Gratama moast wat by ús opnimme. Sei dat er ek harke hie nei radio Grinslân, want dêr lei ek snie. Hy sei, dêr hearden je inkeld: Wie sal dat betoalen? En hjir? Hjir wie 't mienskip."