Wrâld Radio Dei: Foeke Dillema: "Mar úteinlik kom ik altyd wer út by de Omrop"

It is dizze woansdei Wrâld Radio Dei. In moaie dei om stil te stean by de minsken dy't radio mei mooglik meitsje: de harkers! Want wa harkje der eins nei de Omrop? En wêrom? Wat betsjut radio foar harren? Femke de Walle socht fiif trouwe Omrop Fryslân-harkers op en prate mei harren op it plak dêr't se de Omrop it faakst oan ha.
Foeke Dillema en syn frou Mathilda foar hûs yn Drachtsterkompenije © Omrop Fryslân, Femke de Walle
Wrâld Radio Dei: Foeke Dillema
Foeke Dillema (49) is mei rjocht in trouwe Omrop Fryslân-harker. Hy harket, sa tinkt er, al 40 jier nei de Omrop. Hy mei graach syn favorite plaat trochappe of fertelle wat er oan it dwaan is. Ek is er fêste klant yn de Muzyk yn Bedriuw-muzykkwis.
De hoefizermakker wennet mei syn frou Mathilda yn Drachtsterkompenije, mar syn 'roots' lizze yn de Wâlden. Foeke is heit fan in soan en in dochter. Syn hert kleuret pompeblêderead: "Minsken moatte al harkjen bliuwe nei de Omrop", is syn oprop oan alle harkers. "Wy moatte ús regionale omrop halde, dêr moatte wy om tinke."

Wêr stiet dyn radio, Foeke?

"Dy stiet hjir yn 'e wenkeamer, ûnder de telefyzje, yn 'e hoeke. Sadree't ik fan bêd ôf kom, dan giet de radio oan. Ik wol in bytsje muzyk om my hinne ha, dat fyn 'k moai. Ik mei graach oer muzyk."

Wat betsjut radio foar dy?

"It is foar my in wize om goed op 'e hichte te bliuwen fan it nijs. En de muzyk, no? It is sa'n gewoante dat de radio oan stiet. Sels op it fabryk yn Drachten dêr't ik wurkje, ha 'k de radio oan. Efkes de live-stream yn de Omrop-app oan, earkes yn en lústerje mar. Dat fyn ik moai."

Wêrom meisto sa graach nei de Omrop harkje?

"Sjoch, it is regionaal. Ik mei graach oer regionale radio en de Fryske taal. En de muzyk net te ferjitten. Foaral Fryske muzyk fyn 'k moai. Gurbe Douwstra, Griet Wiersma, Piter Wilkens, de trûbadoers. Dy mei ik graach hearre."
De Muzyk yn Bedriuw-muzykkwis is in deistich hichtepunt.
Foeke Dillema

Op hokker mominten hasto de radio oan?

"It earste dat ik moarns doch as ik wekker wurd, is de radio oansette. Ik moat al wat leven om my hinne hearre. Moarns wurd ik bypraat troch Jacob Stelwagen, dan bin ik wer efkes op 'e hichte, no? En de muzykkwis by Arjen (Overmaat, red.). Dat fyn ik altyd geweldich. In deistich hichtepunt! Ik doch ek wol gauris efkes mei. Mar ik moat al sizze dat it thús altyd in stik better giet. Benammen by dy lêste fraach, dat yntrorieden; dat giet wol gauris ferkeard. Dan hat Arjen wer in nijmoadrich stikje muzyk pakt - ja, dat wit ik dan net."
"Sjoch, wy lústerje net de hiele dei. Wy ha tuskentroch ek wol efkes wat oars. Op it fabryk ha 'k ek wol gauris efkes in pirate-stjoerderke derfoar, hear. Dat fyn 'k sokke moaie muzyk. Mar úteinlik kom ik altyd wer út by de Omrop. En trochgeans stiet dy der dochs de hiele dei foar."

Wat wie foar dy in bysûnder radiomomint?

"Dat wie in pear jier ferlyn mei dy izel, op 5 jannewaris 2015, mei Jacob Stelwagen moarns betiid. It programma waard hielendal omsmiten. Dat fûn ik moai. De aktualiteit fan de dei pakke. Dat is ek wol de krêft fan de Omrop tink ik, dat flugge skeakeljen. As der ynienen wat oars is, wurdt der fuortendaliks trochpakt. Dat fyn ik geweldich."